Waarpraatsje: Tige myld en ritich

jannewaris 30, 2020 18:01

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wol dizze winter net slagje. It ûntbrekt folslein oan froast en snie en dat bliuwt foarearst ek sa. It wurdt de earste dagen allinnich mar mylder.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en kin der wat (sto)rein falle. Letter yn ‘e nacht binne der ek inkelde opklearringen. De westewyn wurdt geandewei matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 5 graden hinne.

Freed rekket de loft wer berûn en yn ‘e rin fan ‘e dei reint it sa út en troch. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. Mei 10 graden is it tige myld foar de tiid fan it jier.

It wykein sjocht der skier, ritich en tige myld út.

Jan Brinksma

 

jannewaris 30, 2020 18:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.