Waarpraatsje: Moandei myld en drûch

jannewaris 12, 2020 19:41

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in myld wykein, mar troch de wyn fielde it wol in stik kâlder oan. Snein hat it noch in hiel skoft reind. Moandei bliuwt it drûch.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf en op guon plakken soe it noch wat reine kinne. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 5 graden.

Moandei wikselje sinne en bewolking inoar ôf en bliuwt it, sa goed as, drûch. De sudewyn is matich, by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. Mei in graad as 9 is it op ‘e nij tige myld foar de tiid fan it jier.

De oare dagen fan ‘e wike bliuwt it ritich en myld.

Jan Brinksma

jannewaris 12, 2020 19:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.