Waarpraatsje: It wurdt wer (tige) myld

jannewaris 29, 2020 19:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei in kreaze mar frisse dei, mei ek noch in stik wyn en wat buien. It bliuwt foarearst ritich en it wurdt op ‘e nij myld.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. De westewyn wurdt frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Tongersdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf, mar letter op ‘e dei rekket de loft berûn en soe it wat (sto)reine kinne. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt in graad as 8.

Fan freed ôf is it tige myld en it bliuwt ritich. Wy sille de sinne net folle sjen.

Jan Brinksma

jannewaris 29, 2020 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.