Waarpraatsje: Hjerst

jannewaris 14, 2020 18:34

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is dizze dagen earder hjerst as winter. Wintersk waar sit der alhiel net yn. Woansdei is it op ’e nij rûzich.

Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en kin it út en troch noch reine. Letter is in inkelde opklearring net útsletten. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd en yn it Waadgebiet sa út en troch stoarmich. By de kust lâns is ek kâns op swiere wynstjitten. Yn ’e rin fan ‘e nacht jout de wyn him wat del. Mei 10 graden is it tige myld.

Woansdei is de loft berûn mar de kâns op wat sinne is net hielendal útsletten. Yn ‘e rin fan ‘e moarn set it in skoft op in reinen, mar oan de ein fan ’e middei en yn ‘e jûn binne der ek flinke opklearringen. De sude- oant súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. Tsjin ’e jûn jout de wyn him wer wat del. Mei 11 graden is it fierstente myld foar de tiid fan it jier.

It bliuwt nei woansdei noch inkelde dagen myld.

Jan Brinksma

jannewaris 14, 2020 18:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.