Waarpraatsje: Hegedrukwaar

jannewaris 20, 2020 19:05

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei kreas waar en mei de damp foel it ta. Der wie wol mear bewolking as sinne, mar it bleau drûch. Oant sneon is it drûch en rêstich.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn, mar in inkelde opklearring is net útsletten. It kin boppedat wat dizenich wurde. By in swakke sude- oant súdwestewyn leit de temperatuer om de 3 graden hinne.

Tiisdei is de loft berûn, mar de sinne soe sa út en troch ek te sjen wêze moatte. De súdwestewyn is swak oant matich. It wurdt in graad as 6.

Woansdei en tongersdei is de sinne, nei alle gedachten, net folle te sjen.

Jan Brinksma

jannewaris 20, 2020 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.