Waarpraatsje: Gjin inkeld sein fan winter

jannewaris 9, 2020 17:52

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei mei goed 10 graden in tige mylde mar ek skiere dei mei sa út en troch storein. Winterwaar is foarearst folslein net oan de oarder.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en kin it in skoft (sto)reine. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns sa út en troch krêftich. It wurdt 6 graden.

Freed reint it earst noch, mar letter op ‘e dei wurdt it drûch en soe de sinne noch efkes skine kinne. De wyn giet nei it noardwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich, miskien wol efkes hurd. Mei in graad  as 7 is it wer wat frisser.

Sneon bliuwt it drûch. Fan snein ôf is it wer ritich, mar it bliuwt fierstente myld foar de tiid fan it jier.

Jan Brinksma

jannewaris 9, 2020 17:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.