Waarpraatsje: Freed ek skier

jannewaris 23, 2020 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei in skiere dei en sa sil it der freed ek útsjen. Yn it wykein feroaret der hast neat oan it treastleaze waar.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Op guon plakken kin damp ûntstean. De swakke wyn komt út rjochtingen tusken it easten en it suden. De temperatuer leit tusken de 2 en 6 graden.

Freed is it earst miskien noch dampich en letter is de loft berûn. Der kin wat ek storein falle. By in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuer om de 5 graden hinne.

Yn it wykein feroaret der net folle. Wy sille de sinne hast net sjen mar it bliuwt wol, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

jannewaris 23, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.