Utslaggen Frysk damjen 18 jannewaris yn ’e Gaastmar

jannewaris 21, 2020 10:24

Utslaggen twadde foaromloop begjinners, pupillen en jeugd

Begjinners
Freark Smink (Baaium), Wytse Breeuwsma (Wommels), Ids Delea (Wommels), Jaring Jan Postma (Waaksens), Mirte Hannema (Blauhús)

Utslaggen
sechsde omloop: Wytse – Mirte: 1-0; Freark – Jaring Jan: 1-0
sande omloop: Ids – Wytse: 0-1; Mirte – Freark: 0-1
achtste omloop: Freark – Ids: 1-0; Jaring Jan – Mirte: 0-1
njoggende omloop: Wytse – Freark: 1-0; Ids – Jaring Jan: 1-0
tsiende omloop: Mirte – Ids: 1-0; Jaring Jan – Wytse: 0-1

Alle begjinners moasten noch in kear tsjin ’e tsjinstanner dêr’t se yn desimber ek tsjin spile hiene, mar dan mei omkearde kleuren. It kaam gauris foar dat de ferliezer fan doe no wûn. De begjinnende dammers binne dus goed oaninoar weage! Yn ’e einstân hiene dan ek trije fan ’e fiif likefolle punten. Allinnich Jaring Jan hie noch wat te min kilometers makke om oansluting by it peloton te finen; gelokkich soarge de mysterieuze Mr. X derfoar dat hy dochs noch twa punten helle! Freark, Ids en Mirte hellen elk seis punten. Wytse rûn derút mei mar leafst njoggen punten. Hy hie allinnich yn desimber in kear ferlern fan Mirte.

Einstân: Wytse Breeuwsma: 9 punten, Ids Delea, Mirte Hannema en Freark Smink: 6 punten, Jaring Jan Postma: 2 punten

Dat betsjut dat Wytse, Ids, Mirte en Freark de finale spylje meie op 15 febrewaris yn Skearnegoutum. Se meie dan seis partijen spylje: twa kear tsjin alle oare finalisten, ien kear mei wyt en ien kear mei swart.

Pupillen
Wytse Wiegersma (De Gaastmar), Brecht Frankena (Blauhús), Neeltsje Ykema (De Gaastmar), Nieke Ykema (Blauhús), Brecht Ykema (Blauhús), Watze Anne Postma (Waaksens), Janke Delea (Wommels), Jorrit Frankena (Blauhús), Teije Stor (Boalsert)
NB: Mette Jorritsma hie har weromlutsen.

Kandidaten kampioenskip pupillen Frysk Damjen. Foto D. Stor-van Dalen / DFS

Utslaggen
fyfde omloop: Nieke – Brecht Frankena: 0-1; Brecht Ykema – Wytse: 1-0; Watze Anne – Teije: 0-1; Janke – Jorrit: 0-1
sechsde omloop: Teije – Janke: 1-0; Wytse – Watze Anne: 1-0; Brecht Frankena – Brecht Ykema: 0-1; Neeltsje – Nieke: 1-0
sande omloop: Brecht Ykema – Neeltsje: 0-1; Watze Anne – Brecht Frankena: 0-1; Janke – Wytse: 1-0; Jorrit – Teije: 0-1
achtste omloop: Wytse – Jorrit: 0-1; Brecht Frankena – Janke: 0-1; Neeltsje – Watze Anne: 1-0; Nieke – Brecht Ykema: 1-0
njoggende omloop: Watze Anne – Nieke: 1-0; Janke – Neeltsje: 0-1; Jorrit – Brecht Frankena: 1-0; Teije – Wytse: 0-1

By de pupillen wiene ek in protte spannende partijen te sjen, mar it fjild rûn hjir in bytsje mear útinoar as by de begjinners. Dat is ek logysk, want der kin samar in pear jier ferskil wêze tusken hoe lang oft de iene pupil dammet en de oare. Dochs seit dat alles net: der wiene sterke nijkommers, en ek dammers mei in pear jier ûnderfining dy’t no net sa heech útkamen. Wat ek opfoel, wie dat it einklassemint net folle skeelde mei de tuskenstân fan desimber. Seis fan ’e njoggen dammers koene mar troch, en dat wie spitich foar de nûmers 7 oant en mei 9, want just dêr wie it ferskil yn punten net sa grut. Mar dat is de sport: in lyts ferskil makket soms in protte út!

Einstân: Jorrit Frankena: 8 punten, Teije Stor en Neeltsje Ykema: 7,5 punt, Wytse Wiegersma: 5 punten, Janke Delea: 4,5 punt, Brecht Ykema: 3,5 punt, Watze Anne en Nieke: 3 punten, Brecht Frankena: 2 punten

Sadwaande geane Jorrit, Teije, Neeltsje, Wytse, Janke en Brecht Ykema troch nei de finale yn Skearnegoutum. Se moatte dan fiif spullen spylje: tsjin alle oare finalisten ien kear.

Jeugd
Rinze Zeilstra (De Gaastmar), Wiebren Ykema (De Gaastmar), Wytze Zeinstra (Blauhús), Rauke de Hoop (De Gaastmar), Eelco de Wolff (Blauhús), Harmen Jacob Postma (Waaksens)

Kandidaten kampioenskip jeugd Frysk Damjen. Foto Sj. Attema / DFS

Utslaggen
fjirde omloop: Wiebren – Eelco: 1-0; Rinze – Rauke: 0-1; Harmen Jacob – Wytze: 1-0
fyfde omloop: Wytze – Wiebren: 0-1; Rauke – Harmen Jacob: 0-1; Eelco – Rinze: kamp

De jeugd hoegde no mar twa spullen te dwaan, en wie sadwaande ek earst út. Op ’en nij moaie partijen, kwa nivo al hielendal oanslutend op ’e tredde klasse fan ’e senioaren, dat it talint is dúdlik oanwêzich! Hjir waard ek de iennichste partij kamp spile fan dizze dei, mar hjir wiene ek de grutste ferskillen: ien dammer, Harmen Jacob, slagge it, om alle partijen – yn desimber likegoed as hjoed – te winnen! Lykwols: foar de finale seit dat noch neat, want dan begjint elk wer mei 0 punten.

Einstân: Harmen Jacob Postma: 5 punten, Wiebren Ykema: 4 punten, Wytze Zeinstra: 3 punten, Eelco de Wolff: 1,5 punt, Rauke de Hoop: 1 punt, Rinze Zeilstra: 0,5 punt

Yn dizze groep binne fjouwer finalisten: Eelco, Wytze, Wiebren en Harmen Jacob, dy’t allegear ien kear spylje moatte tsjin ’e oare trije.

De finale is yn Skearnegoutum, tagelyk mei de lêste wedstryd fan ’e persoanlike kampioenskippen fan ’e senioaren. De finale begjint om 13.30 oere yn doarpshûs It Swettehûs.

jannewaris 21, 2020 10:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.