Underwiis: kearndoelen foar Nedersaksysk ambisjeuzer as foar Frysk

jannewaris 11, 2020 15:35

It Nedersaksyske taalgebiet yn Nederlân

Skoallen dy’t wat dogge mei it Nedersaksysk, ferwachtsje dat bern skriuwe neffens de staveringsregels foar dy taal. Foar it Frysk is dy eask der net. Wat dat oangiet, binne de nije kearndoelen foar it skoalfak Nedersaksysk ambisjeuzer as dy foar it Frysk.

De kearndoelen foar it basisûnderwiis binne dizze wike presintearre. Se binne ûntwikkele troch de IJsselacademie yn Swol. Kurrikulumûntwikkelder Hendrik Jan Bökkers hat dêrby goed sjoen nei de kearndoelen foar de talen Nederlânsk, Ingelsk en Frysk. Fierder hat er rekken hâlden mei de winsken fan ûnderwizers út it Nedersaksyske gebiet. Alle streektaalorganisaasjes yn it Nedersaksyske gebiet yn Nederlân hawwe neffens it webstee fan it Huus van de taol goedsein foar de nije kearndoelen.

Oars as Frysk is Nedersaksysk nearne in ferplichte fak yn it basisûnderwiis. De kearndoelen Nedersaksysk binne dan ek mear in rjochtline foar skoallen dy’t wat mei de streektaal dwaan wolle as in ferplichting. Bökkers sil ek in trochgeande learline útwurkje, sadat skoallen foar fuortset ûnderwiis lessen yn bygelyks it Stellingswerfsk, Drintsk of Grinslânsk oanbiede kinne dy’t oanslute op de lessen dy’t learlingen op ‘e basisskoalle al hân hawwe.

De kearndoelen foar it Nedersaksysk op ‘e basisskoalle binne:

1) De leerlingen ontwikkelen een positieve attitude ten opzichte van het gebruik van Nedersaksisch door henzelf en anderen.
2) De leerlingen leren informatie te verwerven uit (eenvoudige) gesproken, gezongen en geschreven teksten in het Nedersaksisch.
3) De leerlingen verwerven een woordenschat van frequent gebruikte Nedersaksische woorden en uitdrukkingen en zij ontwikkelen een attitude waarbij ze zich durven uit te drukken in die taal.
4) De leerlingen krijgen plezier in het schrijven van eenvoudige (informatieve) teksten, liedjes en gedichten in het Nedersaksisch en maken daarbij gebruik van de geldende spellingsregels.
5) De leerlingen verwerven enige kennis over en krijgen waardering voor aspecten van cultureel erfgoed en de belangrijke historische personen en gebeurtenissen uit de Nedersaksische geschiedenis.

Foar it Frysk op ‘e basisskoalle binne de kearndoelen:

1) De leerlingen ontwikkelen een positieve attitude ten opzichte van het gebruik van Fries door
henzelf en anderen.
2) De leerlingen leren informatie te verwerven uit gesproken Fries. Het gaat om teksten die
informatie geven, plezier verschaffen, meningen of aanwijzingen bevatten over voor hen
bekende onderwerpen.
3) De leerlingen leren zich naar inhoud en vorm in het Fries uit te drukken in situaties uit
hun dagelijks leven waarin zij informatie vragen of geven over een onderwerp waarmee zij vertrouwd zijn.
4) De leerlingen leren informatie te verwerven uit teksten in het Fries in frequent voorkomende
teksttypen (zoals artikelen in jeugdrubrieken, liedjes, verhalen).
5) De leerlingen leren eenvoudige teksten in het Fries te schrijven over alledaagse onderwerpen
met het doel met anderen over die onderwerpen te communiceren.
6) De leerlingen verwerven een woordenschat van frequent gebruikte Friese woorden en strategieën
voor het begrijpen van voor hen onbekende woorden.

jannewaris 11, 2020 15:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.