Tige waarme perioade yn Noarwegen

jannewaris 3, 2020 10:51

Foto: pixabay.com

Noarwegen hat te krijen mei in foar begjin jannewaris seldsum waarme rite. Tongersdei waard yn it doarp Sunndalsøra mei 19 graden Celsius de waarmste jannewarisdei ea metten. Dat is sa’n 25 graden boppe de normale moannetrochsneed. It foarige rekôr datearret út 1989, doe’t yn it doarp Tafjord in temperatuer fan 17,9 graden metten waard.

De boargemaster fan de deunby lizzende gemeente Raume, Yvonne Wold, naam in dûk yn ’e see. In waarme wyn hat bydroegen oan de pyktemperatuer yn Sunndalsøra. Hoewol’t ynwenners genietsje fan de hege temperatueren, is der ek noed oer klimaatferoaring. De temperatueren sille fan hjoed ôf wer sakje.

jannewaris 3, 2020 10:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.