Tal subsydzjes foar ferduorsumjen wente net yn alle gemeenten gelyk

jannewaris 20, 2020 10:12

Neist twa lanlike regelingen om wenten te ferduorsumjen, kinne húseigeners dêr faak ek in gemeentlike subsydzje foar oanfreegje. It tal regelingen ferskilt lykwols fan gemeente ta gemeente. Jout goed de helte fan de Nederlânske gemeenten (59%) gjin oanfoljende subsydzjes foar it ferduorsumjen fan in wente, tal regelingen yn oare gemeenten rint op ta wol fjouwer. Dat docht bliken út in analyze troch Vattenfall fan alle Nederlânske enerzjysubsydzjes en oanfragen.

Yn de gemeenten Sint Anthonis en Nimwegen wurdt it ferduorsumjen op lokaal nivo it meast stimulearre. Ynwenners kinne dêr fjouwer gemeentlike subsydzjes oanfreegje, ûnder oare foar griene dakken of it oanskaffen fan sinnepanielen. Yn grutte stêden lykas Amsterdam en Rotterdam wurdt enerzjybesparring ek stimulearre mei trije lokale subsydzjes.

Foto: Vattenfall

Lanlike subsydzjes foaral yn Noard-Nederlân populêr
Lanlik binne twa subsydzjes beskikber: de Subsydzje Enerzjybesparring Eigen Hûs foar isolaasjemaatregels (SEEH) en de Ynvestearringssubsydzje Duorsume Enerzjy foar duorsume enerzjyopwekking (ISDE). Dy subsydzjes wurde benammen yn de noardlike provinsjes oanfrege, lykas Grinslân en Fryslân.

Yn 2016 en 2017 waard de ISDE-subsydzje benammen oanfrege foar it oanskaffen fan in pelletkachel (50% fan de oanfragen) of waarmtepomp (32%). It pleatsen fan in sinneboiler of biomassatsjettel is minder populêr. Yn trochsneed waarden op 10.000 húshâldens 51 subsydzjeoanfragen tasein. De measte oanfragen waarden op It Amelân ynwillige. Op 10.000 húshâldens waarden dêr 426 oanfragen ôfhannele, wêrfan 78% foar waarmtepompen.

Spoumuorre-isolaasje populêrste maatregel foar SEEH-oanfraach
Fan alle maatregels wiene spoumuorre-isolaasje (34%) en flier- of boaiemisolaasje (30%) yn 2017 it populêrst foar SEEH-oanfragen. De subsydzjeregeling waard troch húseigeners foaral yn East-Nederlân in protte brûkt: yn Gelderlân, Oerisel, Drinte, Grinslân en Fryslân waarden mear oanfragen tasein as yn oare provinsjes.

Yn trochsneed waarden op 10.000 húshâldens 28 SEEH-subsydzjeoanfragen by in gemeente yntsjinne. Aa en Hunze stimulearret isolaasje yn ferhâlding it meast. Dêr waarden de húshâlding nammentlik subsydzjes oanfrege foar hast fiif kear mear enerzjybesparjende maatregels as lanlik yn trochsneed (139).

jannewaris 20, 2020 10:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.