Tal autoynbraken ôfrûne jier tanaam yn Fryslân

jannewaris 22, 2020 09:26

Oer hiel 2019 waarden yn totaal 48.499 autoynbraken registrearre. In delgong fan 9,3 persint. Allinnich yn de noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte giet it tal ynbraken yn auto’s omheech. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer, op basis fan de plysjesifers oer 2019.

Foto: pixabay.com

Grutte provinsjale ferskillen, tanimming yn Fryslân
Wiene der yn 2018 yn Nederlân noch 53.477 registrearre autoynbraken, ferline jier naam dat tal (wer) ôf nei 48.499. Foaral op provinsjaal nivo binne de ferskillen grut. Yn Seelân is it tal ynbraken bygelyks mei 35 persint ôfnaam, wylst der yn Grinslân sprake is fan in stiging fan 21 persint.

Neist Grinslân is der ek yn de oare twa noardlike provinsjes Fryslân (fjouwer persint stiging nei 446) ynbraken en Drinte (twa persint stiging nei 381 ynbraken) sprake fan in taname. Yn alle oare provinsjes rûn it tal ynsidinten werom.

Regionale trends en ûntwikkelingen
Yn fyftjin fan de 355 gemeenten yn Nederlân kaam it totale persintaazje fan alle autoynbraken op mar leafst 53: persint :

  1. Amsterdam (6.376 autoynbraken)
  2. Utert (4.858 autoynbraken)
  3. Rotterdam (4.330 autoynbraken)
  4. De Haach (1.786 autoynbraken)
  5. Eindhoven (1.602 autoynbraken)
  6. Nimwegen (965 autoynbraken)
  7. Breda (828 autoynbraken)
  8. ‘s-Hertogenbosch (794 autoynbraken)
  9. Amersfoart (643 autoynbraken)
  10. Arnhim (633 autoynbraken)
  11. Tilburch (604 autoynbraken)
  12. Haarlim (581 autoynbraken)
  13. Almeare (576 autoynbraken)
  14. Schiedam (569 autoynbraken)
  15. Nieuwegein (543 autoynbraken)

De gemeenten dêr’t it tal autoynbraken it sterkst tanaam wiene Rotterdam, Lelystêd, Gooise Meren, Grins en Schiedam. In folslein oersjoch fan autoynbraken de gemeente en byhearrende tanimming/delgong is opnaam yn de autoynbraakmonitor fan Independer.

jannewaris 22, 2020 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.