Sybren Singelsma: De befrijing fan de Gouden Iuw*

jannewaris 7, 2020 16:13

Skôging

De Gouden Iuw is dan dochs noch ûnferwachts weirekke. Hiene histoarisy it al wol in bytsje oankommen sjoen, polityk De Haach wie ferbjustere. Mark Rutte, de politikus, sei net te begripen wêrom’t we in iuw dy’t we inkelde hûnderten jierren Gouden Iuw neamden no net mear sa neame mochten. Mark Rutte, de histoarikus, dy’t er ek is, hie better witte kinnen. It begryp Gouden Iuw is nammentlik benammen in polityk konsept, net út de perioade fan rûchwei 1572 oant 1672-1700 sels, mar út de njoggentjinde iuw.

Napoaleon hie de âlde Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen omfoarme ta in sintrale ienheidssteat mei in kening, syn broer Loadewyk, oan it haad. Gjin regint mear te bekennen. Willem I naam it kadootsje fan Napoaleon nei dy syn Waterloo mar al te graach yn ûntfangst. De Oranjes hiene trijehûndert jier besocht wat de Frânsman yn 1806 slagge wie, Hollân in sintraal late monargy.

Mei dy trijehûndert jier ûnderfining yn ’e efterholle wie Willem fêstbesletten om it gewestlik partikularisme gjin kâns te jaan. De sintralisaasje fan Nederlân as Hollân waard stevich ûnder hannen nommen, ekstra stimulearre troch it frustrearjende ferlies fan België. Op de weagen fan nasjonalisme, romantyk, yndustrialisaasje en mondialisearring fan de hannel moast de nije ienheidssteat in skiednis krije dy’t by it lân paste.

It ferline bliek ryk genôch. Mei wat selektyf winkeljen waard in skiednis fabulearre dy’t by de ambysjes fan Willem paste: in echte Gouden Iuw, as takomstperspektyf wol te ferstean. De nedige helden wiene al gau fûn: Jan Pieterszn Coen, stichter fan Batavia, Rembrandt, de kolorist fan de reginten, Michiel de Ruyter, hearsker op see, mar dochs foaral fan it fehikel fan rykdom en ekspânsje, de Feriene East-Yndyske Kompanjy, de VOC. Dat de Gouden Iuw benammen stuolke op de yntellektuele en finansjele bydrage fan Belgyske ymmigranten, dat Brabân en Limboarch yn essinsje koloanjes west hiene, wie fansels in stikje histoaryske wierheid dat net paste yn it nije Hollânske nasjonalistyske selsbyld sa koart nei it ferlies fan België!

Dy VOC wie in hannelsûndernimming yn it positive Nederlânske eigenbyld, net de privatisearre koloniale macht dy’t dat lichem feitliken wie. Dat positive eigenbyld wie in essinsjeel ûnderdiel fan de trije-ienheid ‘God, Nederland en Oranje’. En sa waard de skiednis ûnderdiel fan de nasjonale macht. En dêr mocht net oan twivele wurde.

No is twivel in kearnbegryp yn de wittenskip, yn de histoaryske ek. Histoarisy hiene dus wol wat fragen, oer bygelyks de moardpartij fan ús held Coen op de Banda-eilannen  – 15.000 deaden – om it monopoalje op de nutemuskaatproduksje te krijen. En wêrom hakken de Yndiërs frijwillich harren eigen piperbeammen om as de Hollanners yn ’e buert kamen? Omdat se graach mei harren hannelje woene? Nee dus.

Oan de metoaden dy’t de VOC brûkte om hannel te driuwen kinne de Kolombiaanske kokaïnekartels noch in punt sûgje. It geniale fan de VOC wie – tip foar de Kolombianen – dat it de boppewrâld wie dy’t de ûnderwrâld ferovere; wol sa effisjint en hielendal legaal! Histoarisy wiene dêr fansels wol fan op ’e hichte, mar guon boadskippen moatte foarsichtich brocht wurde, of net. Histoarisy hawwe ek hypoteken en ambysjes.

Mar it Amsterdams Historisch Museum hat de moed hân en beneam de klean fan de keizer. Foar histoarisy sil it in befrijing wêze om de skiednis ûndersykje te kinnen sûnder krom te gean ûnder it nasjonalistyske jok. Wierheidsfining en ‑útlis krije lang om let de romte.

De histoarisy binne einlings befrijd fan de Gouden Iuw, no de politisy noch. Sa’t Mark Rutte al sei, is it benammen belangryk om oan in nije Gouden Iuw te wurkjen. In goed idee, want nei alle gedachten hat Rutte dochs mear ferstân fan polityk as fan skiednis!

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
* Troch in misferstân is dizze skôging, dy’t fan begjin oktober 2019 is, oer de holle sjoen. Hy wurdt dêrtroch letter as bedoeld wie publisearre. Redaksje It Nijs.
jannewaris 7, 2020 16:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.