Sybren Singelsma: Brexit sil dan dochs barre, mar hoe?
Resint ferskynd
Skôging
Oan ’e ein fan de wike sille de Britten dan echt de Europeeske Uny ferlitte. Ik haw lang tocht dat it net trochgean soe, sjoen it feit dat it lân sa ferdield wie, de beslútfoarming stilstie en de Britten yn myn eagen der ek neat mei winne. Mar goed, Boris Johnson hat it dan dochs foarinoar krige. Dat wol net sizze dat it no dien is, nee, it wichtichste komt no.
Op 31 jannewaris begjint in oergongsperioade fan krap in jier. Oant 31 desimber 2020 bliuwe de measte EU-regels fan krêft en betellet it Feriene Keninkryk (FK) noch oan it EU-budzjet. Mar wichtich is foaral dat it FK fan 31 jannewaris ôf eigen hannelsakkoarten slute kin. De wichtichste binne fansels dy mei de EU en dy mei Amearika. Trump hat al twittere dat hy ree is om sa gau mooglik in akkoart mei it FK te sluten. Dêrneist stiet it team fan de EU, mei oan it haad de tûke Barnier, klear om ‘de nije relaasje’ foarm te jaan.
It FK moat noch tsientallen nije hannelsakkoarten slute, mar dy mei de EU en de FS binne de wichtichste, om’t se bepale wat it plak fan it FK yn de wrâldekonomy wêze sil. In hannelsakkoart giet ommers om folle mear as ymport- en eksporttariven; it wichtichste is de regeljouwing dy’t dêrmei gearhinget. Wy hawwe it dan oer fraachstikken as bygelyks it fytosanitêr dossier, binne genetysk manipulearre produkten wolkom, meie de hinnen troch it gloar helle wurde, yntellektueel eigendomsrjocht, miljeuregels ensafuorthinne. En dan is it wichtich mei hokker grutte wrâldmerk der as earste in akkoart komt, de FS of de EU.
Is dat mei de FS, wat Trump sa graach wol, dan sil it FK wat regeljouwing oanbelanget oanslute by de FS en him rjochtsje op de wrâldekonomy en de EU bekonkurrearje mei in lichtere regeljouwing, it Singapore oan de Noardsee. Komt der earst in akkoart mei de EU, dan sil it FK de EU-regeljouwing folgje moatte en dan bliuwt it plak fan it FK yn de wrâld dat fan in Europeeske macht yn gearwurking mei de EU. Dêr moat it kommende jier oer ûnderhannele wurde.
Boris Johnson hat sein dat dy ûnderhannelingen binnen dat jier dien wêze moatte. De EU hat al sein dat soks yn de praktyk bysûnder dreech wurde sil. Mar we witte dat it brûken fan tiid in ûnderhannelingstaktyk is dy’t Johnson graach brûkt. Johnson soe him lykwols wolris fersinne kinne yn de posysje fan de EU. It ûnderhanneljen mei de EU is nammentlik nochal spesjaal. Yn de regel wurde yn sokke ûnderhannelingen tredde lannen twongen om harren te skikken nei EU-regels.
Mei it FK is it no oars; it FK past op it stuit 100% fan de EU-regels ta. It giet dus om de fraach yn hoefier oft it lân yn de takomst ôfwike kin en wol fan de wetten dy’t no harren eigen wetten binne. Dat is ek in ynlânske Britske diskusje, dy’t wolris in komplisearjende faktor wêze kinne soe yn de ûnderhannelingen mei de EU. Dy ûnderhannelingen stelle nammentlik de fraach hoe’t it FK himsels sjocht.
Dêrneist hat de EU net safolle marzje. Dy kin net ôfwike fan de regels dy’t hjoed jilde. Dat is nammentlik it wêzen fan de EU sels. Boppedat kin de EU net tastean dat in lân dat gjin lid is fan de EU likefolle profyt hawwe soe fan de EU as oare lidsteaten, sûnder by te dragen yn it budzjet.
It sil dus wer in jier fol drama wurde. Ik sil gjin foarsizzingen mear dwaan, mar it soe my dochs fernuverje as it op 31 desimber klear is.
Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
“Ik haw lang tocht dat it net trochgean soe, sjoen it feit dat it lân sa ferdield wie,” Nederlân stimde tsjin it “Verdrag van Lissabon”. It Brexit beslut wie yn dy sin demokratysk, it Lissabon-beslút net, mar Lissabon waard der wol trochdrukt.