Support Fryslân makket kâns op Appeltje van Oranje 2020

jannewaris 9, 2020 09:40

Support Fryslân makket kâns op in Appeltje van Oranje. Sûnt moandei 6 jannewaris kin it Nederlânske publyk de winkânsen fan dit projekt fergrutsje. Dat kin troch te stimmen op Support Fryslân as favoryt. Der binne yn totaal noch 38 projekten yn ’e race foar dy prestizjeuze prizen, dy’t it Oranje Fonds alle jierren útrikt oan útsûnderlike sosjale projekten. Stimme kin oant en mei 15 jannewaris 23.59 oere fia stem.oranjefonds.nl.

Ofbylding: Stichting Support Fryslân

Dit jier is it tema ‘Maatjes ben je samen’. De prizen steane yn it teken fan ‘maatjes’projekten. Projekten wêrby’t minsken inoar foarúthelpe en langere tiid stypje. Yn ús keninkryk binne in soad minsken dy’t om ferskate redenen wol wat stipe brûke kinne. Frijwilligers dy’t harren maat wurde wolle en harren helpe wolle, binne dêrom ûnmisber.

Gelokkich binne der in soad projekten dy’t op ferskate flakken alderhande typen minsken oaninoar keppelje. Oan minsken dy’t siik en/of iensum binne of yn in isolemint sitte, oan minsken dy’t nei in drege tiid muoite hawwe om de tried wer op te nimmen of dy’t persoanlike begelieding nedich hawwe om ús taal te learen of harren talint te ûntploaien. Dizze projekten hawwe as kenmerk dat beide maten inoars libben ferrykje.

It oantal stimmen dat de kânshawwers krije, bepaalt mei wa’t trochgeane nei de lêste tsien nominaasjeplakken. Ut dy tsien kiest de sjuery úteinlik de trije winners.

Support Fryslân
Support Fryslân fynt dat eltsenien rjocht hat op in maat. Ien om aktiviteiten mei te ûndernimmen, ûnderfinings mei te dielen en om betrouwen te krijen. Dat liedt ta aktyf dielnimmen fan jongelju oan de mienskip.

It slagget lykwols net eltsenien om freonen te meitsjen. Dat probleem docht him foaral foar by sosjaal swakkere of isolearre bern, jongelju en flechtlingen. Dêrom keppelet Support Fryslân harren oan frijwilligers mei wa’t hja in relaasje opbouwe kinne.

Tegearre ûndernimme sokke maten aktiviteiten, wêrby’t de winsk fan de jongere altyd sintraal stiet. Dy oandacht jout de jongeren stipe by harren sosjale ûntwikkeling en it oanknoopjen fan nije kontakten.

Wa’t ek fynt dat eltsenien in maat fertsjinnet, kin syn stim útbringe op Support Fryslân!

Keninginne Máxima
Keninginne Máxima rikt yn maaie 2020 de Appeltjes van Oranje út oan de trije bêste ‘maatjes’projekten. Trije inisjativen dy’t mei sukses ferskate groepen minsken ferbine of dy’t derfoar soargje dat minsken wer meidogge yn de maatskippij. Alle winners fan in Appeltje van Oranje krijen in brûnzen byldsje, makke troch Prinsesse Beatrix, en in jildbedrach fan 15.000 euro.

Oranje Fonds
It Oranje Fonds stribbet dernei dat gjinien him bûtensletten fielt en dat eltsenien meidwaan kin yn ’e mienskip. Dêrom stipet it alle jierren tûzenen projekten dy’t minsken mei-inoar ferbine. Dy stipe bestiet út jilld, oandacht en advys. Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima binne it beskermpear fan it Oranje Fonds.

jannewaris 9, 2020 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.