Suksesfolle ambachtsútstalling Frysk Museum reizget troch nei Sweden

jannewaris 11, 2020 09:02

De útstalling Érik van Hove: Fenduq, dy’t dit wykein foar it lêst te sjen wie yn it Frysk Museum yn Ljouwert, hat 136.986 besikers lutsen. It ynternasjonale keunstprojekt wie in grut sukses. Neffens NRC makke ‘de botsing fan kultueren en bedoelings Fenduq ta in fassinearjende eksposysje’. By de útstalling ûntstie der in nagelnij keunstwurk, waard jongerein ynspirearre by wurkbesiten oan Fryslân en Marrakech en stie it museum bol fan de aktiviteiten. Yn neifolging fan it Frysk Museum binne de ambachtlike motorblokken fan Érik van Hove fan 1 febrewaris o/m 27 septimber 2020 te sjen yn Museum Vandalorum yn Sweden.

Foto: David Vroom

Fan 2 febrewaris 2019 o/m 5 jannewaris 2020 liet it Frysk Museum it wurk fan Érik van Hove (Algerije, 1975) sjen. Mei in ynternasjonaal team fan ambachtslju reprodusearret Van Hove yndustriële motorblokken en reauwen. Hûnderten ûnderdielen wurde mei de hân neimakke fan ûnder oare hout, keramyk en koper. Van Hove kombinearret de skjintme fan design mei aktuele tema’s lykas de ferdieling fan wolfeart en de ferskillen tusken it westen en de rest fan de wrâld.

Sukses
De útstalling, ûntwurpen troch Studio LA, waard sawol troch publyk as parse goed ûntfongen. Ut publyksûndersyk die bliken dat besikers de útstalling mei gemiddeld in 7,9 beoardielje. Fan de besikers kaam 22% út Fryslân, 8% út it bûtenlân en 70% út de rest fan Nederlân. Foar 67% wie dit de earste besite oan it Fries Museum. De parse hie ek in soad oandacht foar Érik van Hove: Fenduq. Der ferskynden 300 artikels yn printe media en op ynternet, mei in mediawearde fan 2,8 miljoen euro. De Volkskrant bestege seis siden oan de útstalling en NRC joech de ‘fassinearjende ekposysje’ fjouwer stjerren en neamde it ‘útbundich fakmanskip’.

Fryske motor
Spesjaal foar de útstalling yn Ljouwert wurken Fryske, Marokkaanske, Sweedske en Yndonesyske ambachtslju goed njoggen moanne oan de motor út in fjildhakselder, in favorite lânboumasine op it Fryske plattelân. Alle 295 ûnderdielen fan de motor waarden neimakke yn ferskate ambachten, fan Marokkaansk houtwurk oant Hylper skilderwurk en fan Yndonesysk snijwurk oant Sweedsk glêswurk. Yn de Blokhúspoarte hawwe de ambachtslju in moanne lang yntinsyf gearwurke om de ûnderdielen passend te meitsjen en gear te foegjen. De motor waard ûntbleate op it Ambachtefestival, dêr’t it wurk de namme Us Heit (Claas Jaguar OM422-V8) krige. Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja skreau in gedicht oer de motor en yn de dokumentêre Hert & Siel folge Omrop Fryslân it ta stân kommen fan it keunstwurk, dat ek yn Sweden te sjen wêze sil.

Underwiis
Yn in unyk ûnderwiisprogramma bea it museum 24 VMBO-learlingen en MBO-studinten de kâns om mei te wurkjen mei ambachtslju yn Fryslân. Se learden om hout te bewurkjen, sieraden te smeien, keramyk te meitsjen en mear. Op útnûging fan it museum reizgen acht fan harren dêrnei nei it atelier fan Érik van Hove yn Marrakech. Dêr wurken se yntinsyf gear mei it ambachtsteam fan de keunstner. Mei de útwikseling woe it museum de jongelju in gefoel fan grutskens meijaan wat harren eigen feardichheden oangie, en harren de kâns biede om by treflike fakminsen yn de lear te gean. It projekt waard fêstlein yn in dokumentêre troch studinten D’Drive fan it Fryslân Kolleezje. Neist it útwikselingsprojekt folgen nochris 1800 learlingen in ûnderwiisprogramma by de útstalling.

Other.Worldly
Érik van Hove: Fenduq wurdt opfolge troch Other.Worldly. Fan 15 febrewaris 2020 o/m 3 jannewaris 2021 nimme hjoeddeiske keunstners út binnen- en bûtenlân it publyk mei nei in wrâld ûnder wetter. Other.Worldly lit de mysterieuze ûnderwetterwrâld yn al syn fasetten sjen; fan skjintme oant ûntsach en fan langst oant fersmoarging. Hichtepunt fan de útstalling is it wurk Osedax fan keunstnerskeppel Ellen Gallagher (Feriene Steaten, 1965) en Edgar Cleijne (Nederlân, 1963). Yn dizze ynstallaasje meitsje de besikers in hypnotisearjende reis by in boareilân, betsjoenende seebisten en dynjende planten lâns.

jannewaris 11, 2020 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.