Stjerren betinke Rutger Hauer yn Beetstersweach

jannewaris 24, 2020 09:28

Nederlânske en ynternasjonale akteurs hawwe tongersdei yn Beetstersweach de ferline jier ferstoarne Rutger Hauer betocht. Hauer soe juster 76 jier âld wurden wêze.

Rutger Hauer (foto: Wikipedia/DWDD – lisinsje CC BY 3.0)

By de betinking wiene ûnder oaren stjerren as Sharon Stone en Miranda Richardson oanwêzich. Hauer spile mei de aktrises yn de films Merlin en Fatherland. Nederlânske akteurs lykas Monique van de Ven en Reinout Scholten van Aschat wiene ek yn Beetstersweach om harren freon en kollega te betinken.

Stone wie út namme fan Hauers freonerûnte yn Hollywood nei Fryslân reizge. Stone sei tsjin de Telegraaf: “Wy wiene fuortdaliks echte freonen. Hy waard in wichtich persoan yn myn libben dy’t altyd de wierheid fertelde. Echte freonskip is as minsken jin de wierheid doarre te sizzen, de measte minsken binne full of shit.”

De Bladerunner– en Turks Fruit-akteur ferstoar op 19 july 2019 yn ’e âldens fan 75 jier en waard yn besletten rûnte begroeven.

jannewaris 24, 2020 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.