Spannende striid om klupkampioenskip Frysk damjen ferwachte

jannewaris 9, 2020 09:42

Kommende sneon stride de ferienings dy’t oansletten binne by it Dambûn Frysk Spul yn seal Bergsma yn Easterein wer om it klupkampioenskip.

Foto: friesdammen.nl/frl/home

Ferline jier gie yn ‘e kampioensklasse de heechste eare op ‘en nij nei de damklup út Hartwert. Hoewol’t de Hartwerters útsoarte wer de grutste favoryt binne, is it net sein dat se dat ek wiermeitsje kinne, want de ferskillen tusken de klups binne net grut. Hartwert hat dit jier net allinne rekken te hâlden mei Aldegea-SWF, mar moat ek ôfweve mei “De Stadige Strikers” út Skearnegoutum, dy’t Jelle Wiersma, de sterkste dammer fan allegearre, yn ‘e ploech hawwe. Lollum-Waaksens is miskien yn ‘e breedte wat minder sterk, mar de ploech bliuwt in gefaarlike outsider dy’t eltse favoryt samar stroffelje litte kin.

De striid yn ‘e twadde klasse is noch folle minder oer te sizzen. Blauhús, De Gaastmar, Jorwert en Hartwert II, se kinne elk foar oar promovearje, mar de kâns op degradaasje is like grut.

jannewaris 9, 2020 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.