SpaceX lansearret opnij satelliten foar Starlink-projekt

jannewaris 8, 2020 08:56 Fernijd

SpaceX, it romtefeartbedriuw fan Tesla-topman Elon Musk, hat mei súkses sechtich satelliten lansearre. It is de tredde misje fan it Starlink-projekt, dat derta liede moat dat de hiele wrâld yn 2024 tagong ta rap ynternet hat.

Foto: Wikipedia/Starlink Mission (publyk domein)

Neffens SpaceX docht út ûndersyk bliken dat de helte fan de wrâldbefolking op it stuit noch gjin ynternet hat. It bedriuw fan Musk wol yn dat gat dûke. Yn maaie waarden de earste satelliten de romte yn sketten. Nei alle gedachten sille yn totaal sa’n 12.000 satelliten nedich wêze om it ambisjeuze projekt slagje te litten.

Sa’n ûnbidich netwurk sil miljarden kostje, mar tagelyk moat it SpaceX ek in protte jild opsmite. It bedriuw set yn op in omset fan tritich miljard dollar yn 2025, troch it ferkeapjen fan abonneminten oan minsken dy’t no gjin tagong ta fluch en goedkeap ynternet hawwe.

Yn febrewaris begûn OneWeb ek mei it lansearjen fan satelliten mei help fan in Russyske Sojoez-raket. Amazon is ek fan doel om in eigen netwurk op te setten fan mear as trijetûzen satelliten. Romtefeartorganisaasje NASA hat noed oer it grutte tal satelliten dat yn in lege baan om de ierde komt, om’t it ta botsingen liede kin. En is de stjerrehimel yn ’e takomst noch wol te sjen? SpaceX besiket de kritisy temjitte te kommen troch folslein swarte satelliten te lansearjen.

jannewaris 8, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.