Sjoerd F. Talsma stoarn

jannewaris 13, 2020 16:07

Ien fan Sjoerd Talsma syn kreaasjes

Nei in slimme sykte is ôfrûne freed Sjoerd Feitzes Talsma fan Tsjummearum stoarn.

Talsma wie in kreatyf man dy’t in protte ferhaaltsjes en gedichtsjes skreau, gauris humoristysk fan aard. Geregeld stjoerde er dy nei It Nijs. Wy publisearren dy yn de sneonsedysje fan ús rubryk Kreative bydragen. Oankommende sneon nimme wy ien fan syn lêste ferhalen op.
Yn De Nije, tydskrift fan de Ried fan de Fryske Beweging, dêr’t edysje 2 fan yn tarieding is, komt ek in ferhaaltsje fan Talsma foar.
Koartlyn binne der ek gedichtsjes fan him opnommen yn It grutte foarlêsboek, diel II, útjûn by de Afûk.

Hy makke ek gâns wat foto’s en skilderijen, dêr’t út bliken docht dat er in skerp each hie foar skjintme en benammen natuerskjintme.

De ferstoarne sil woansdei beïerdige wurde nei in tanktsjinst foar syn libben yn de Sint-Martinustsjerke fan Tsjummearum. Talsma hie dizze wike 70 jier wurde sillen.

jannewaris 13, 2020 16:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.