Simone Djurrema: Nammen

jannewaris 18, 2020 20:00

Kollum

Wrâldbern. Ofbylding fan Prawny fia Pixabay

Nei de kollum fan 21 desimber haw ik in pear dagen as klasse-assistint wurke. It die bliken dat ik net allinnich foar de klas hoegde te stean. Gelokkich mar, want doe’t de bern wiskunde krigen, fernaam ik dat ik net allinnich alles fergetten wie, mar dat ik ek alle fanselssprekkende wurden yn it Sweedsk leare moast. Dat gie bêst, mar it wie mar goed dat der in echte learaar by wie.

Ferline wike waard ik frege om ek op in oare skoalle te wurkjen, dat it begjint aardich op gong te kommen. It minste is dat ik wer allegearre gesichten en nammen leare moat. In protte minsken hawwe deselde namme, en ik kin net echt sizze dat it der makliker fan wurdt. Yn de lytsere plakken yn Fryslân kaam it noch wolris foar dat twa neven nei deselde pake neamd wiene, wêrtroch’t se deselde foar- en efternamme hiene, en fansels sieten der in inkelde kear oars ek wol twa mei deselde namme yn in klasse of letter by my op it wurk, mar yn myn hiele libben haw ik noch nea safolle deselde nammen meimakke as hjir yn Mellerud. Ik tink dat jimme werklik neat ûnthâlde sille fan wat ik no skriuwe sil. Mar dan witte jimme yn alle gefal in bytsje hoe’t it fielt foar my.

Allinnich al by de thússoarch, dêr’t sa’n sechstich minsken wurkje, hiene we bygelyks trije Maria’s, twa Marie’s, in Marika, in Marina en in Marita. En dat is noch mar it begjin. Dan wiene der noch trije Yvonnes, twa Anettes, twa Ingela’s, twa Elins en twa Nathalie Petterssons. Ik sil grif ek noch wol in pear fergetten hawwe.

Om it noch mar wat yngewikkelder te meitsjen wiene der ek noch ôfkoartingen of bynammen. Margaretha Bäck waard faaks ‘Bäckan’ neamd, Carina Nilsson ‘Nille’, Madeleine ‘Madde’ en de beide Nathalie’s ‘Natta’, mar fansels net altyd, dat it duorre bytiden twa kear sa lang om derefter te kommen oer wa’t se it dan wer hiene.

Ik woe it fansels ek allegearre goed útsprekke. Dat wie ek noch in ‘dinkje’. Om te begjinnen sprekt men de y nammentlik oars út. Eins seit de mûle fan binnen “i” en de lippen “u”. Dus Harry heart hiel oars as sa’t wy wend binne. Of de klam leit oars: Ik hie pas nei moannen yn ’e gaten dat de klam by Anneli en Liselotte op de Ann en Lis leit. Boppedat seit men net Liselotte mar Liselot. Annette, Susanne en Marianne skriuwt men ek folút, mar men seit Annet, Susan en Marian.

En dan hiene we noch de bûtenlanners. Ja, dat bin ik fansels ek, mar ik hjit ‘gewoan’ Simone. Ik haw it oer Rohulla bygelyks. Dat fine de Sweden sa lêstich dat se der ‘Rulle’ fan meitsje. Safiola waard ‘Saffie’ en sa wiene der noch in pear. Op skoalle is it persintaazje Arabyske en Afrikaanske learlingen hiel wat grutter as op de arbeidsmerk. It is op de iene skoalle om de tritich persint hinne, dat ik moat mar wer sjen hoe’t dat gean sil. Foaral de jongens hawwe faak deselde soarte moslimnammen lykas Ahmed en Mohammed. As se dat net hawwe, binne it faak foar ús bêst wol yngewikkelde nammen. De famkes hawwe faker yngewikkelde nammen as de jonges, mar by harren wol it ek noch wolris foarkomme dat se deselde hawwe.

It is wol wer grappich dat, fan de ûngefear fjirtich Nederlanners dy’t hjirhinne ferhûze binne, der twa ‘Renskes’ binne. Mar dy komme net út Fryslân. Wy binne de iennichste grutske Friezen yn ’e gemeente.

Op de skoallen dêr’t ik no wurkje komme alle leararen altyd efkes byinoar yn de kantine foardat de lessen begjinne. Dan komt der in frou fan de administraasje om bysûnderheden te melden. Der wie in famke mei in eksoatyske namme dy’t nei de toskedokter moast.

“Mar hokker dan? Der binne trije dy’t sa hjitte!” seine in pear leararen. Wy laken allegearre doe’t in kollega mei de bêste oplossing kaam:

“Dan stjoere we gewoan harren alle trije derhinne.”

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
jannewaris 18, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.