Rou-advertinsjes faker posityf as fertrietlik

jannewaris 11, 2020 09:37

Neibesteanden lizze yn rou-advertinsjes hast krekt sa faak de klam op positive gefoelens, as op it fertriet. Yn 41% fan de rou-advertinsjes wurdt mei bewûndering, grutskens en foaral tankberens weromsjoen. Dêrmei wint de positiviteit it fan wurden as ‘fertriet’, ‘drôvens’ en ‘fersleinens’. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Offerte.nl, dat goed tsientûzen famyljeberjochten yn lanlike en lokale kranten analysearre.

Foto: pixabay.com

Karaktereigenskippen
Yn mear as de helte fan alle famyljeberjochten (52%) wurdt it karakter fan de ferstoarne omskreaun as ‘leaf’ en ‘leafdefol’. Dy karakteromskriuwing wurdt folge troch ‘soarchsum’ (17%), mar ek ‘moedich’ en ‘dapper’ wurdt faak neamd.

Kremaasje of begraffenis?
Ofgeande op de rou-advertinsjes binne seis fan de tsien útfearten in kremaasje. 40% kiest foar in begraffenis en 0,2% stelt it lichem ta beskikking fan de wittenskip. Likernôch 15% fan alle útfearten is yn besletten rûnte.

Oprop ta donaasje
Yn ien op de 25 famyljeberjochten wurdt út namme fan de ferstoarne of troch de neibesteanden oproppen om in donaasje oan in goed doel te dwaan. Dat wurdt dien troch it neamen fan in stifting of ynstelling yn kombinaasje mei in goed doel, of troch it oankundigjen fan in kollekte by de útfearttsjinst. De stifting dy’t it faakst neamd wurdt, is KWF Kankerbestriding.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk nei famyljeberjochten is hjir te finen.

jannewaris 11, 2020 09:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.