Rimmer Mulder wol dat Friezen by Puigdemont út ’e buert bliuwe

jannewaris 11, 2020 17:56

Yn in Hollânsktalich stik yn ‘e Ljouwerter Krante fan freed skriuwt Rimmer Mulder dat Friezen better wat ôfstân nimme kinne fan de Katalaanske presidint Carles Puigdemont. Dat docht de âld-haadredakteur nei oanlieding fan in oprop fan FNP-foaroanfrou Corlienke de Jong om derby te wêzen as Puigdemont yn febrewaris troch bemiddeling fan har partij yn Fryslân is om mei te dwaan oan in fraachpetear mei IepenUP.

Neffens Mulder hat Kataloanië foldwaande selsstannichheid en wurdt de eigen taal net ûnderdrukt. De gefallen fan swiere taaldiskriminaasje yn Kataloanië dêr’t It Nijs gauris oer skriuwt, neamt er net. Hjir steane wat foarbylden:

* Plysje slacht Katalaanskpratende muzikant
* De sel yn foar Katalaansk praten
* Katalanen poerlilk om boete foar Katalaansk praten
* Spaanske rjochter ferbiedt stipe foar Katalaansk
* Diskriminaasje fan Katalaanskpraters
* Nije bestjoerders ferbiede amtners om Katalaansk te praten

Politike diskriminaasje is der ek:

* Nije lieder Partido Popular wol pro-Katalaanske partijen ferbiede

Mulder neamt it mearderheidsbeslút fan it Katalaanske parlemint om op basis fan de útslach fan it referindum de ûnôfhinklikens út te roppen “een roekeloze actie”. Neffens him binne de Katalaanske politisy “oproerkraaiers” en is Puigdemont “verantwoordelijk voor de chaos waarin zijn land terecht is gekomen”.

Mulder beslút syn stik mei in warskôging: “Pas op voor politici die nationalistische sentimenten aanwakkeren. Dat is de les die Friesland kan trekken uit de Catalaanse chaos.”

jannewaris 11, 2020 17:56
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren jannewaris 12, 10:04

    Lytse korreksje: Puigdemont sil net op útnûging fan de FNP nei Fryslân ta komme, mar hy is frege wurden troch de ûnôfhinklike organisaasje fan ‘Iepen Up’. De FNP hat net mear dien as de kontakten lein.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.