Riedsleden krije ‘Frysk Bûsboekje’

jannewaris 8, 2020 12:11

Brûken Frysk yn riedsseal giet goed, mar kin noch wol better

In grut tal gemeenteriedsleden yn de provinsje Fryslân (útsein de Waadeilannen) krije in eksimplaar fan it Frysk Bûsboekje 2020. Se krije it bûsboekje om harren oan te moedigjen yn de eigen riedsseal it Frysk te brûken.

Ut in brief fan de Minister fan Ynlânske Saken oan de Twadde Keamer docht bliken, dat it mei it brûken fan it Frysk yn riedsgearkomsten net oeral gelyk giet. Yn de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en De Fryske Marren wurdt it Frysk in soad brûkt. Yn Harns en de Stellingwerven wurdt nea Frysk praat yn de riedsgearkomsten. Yn de oare gemeenten wurdt gauris Frysk praat.

De Ried fan de Fryske Beweging fynt dat gemeenteriedsleden in oanmoediging fertsjinje as se har net ferbrekke yn de riedsseal. De Ried skrikt der lykwols wol fan dat der yn de measte gemeenten ‘inkeld mar no en dan’ Frysk praat wurdt. De Ried wol dy riedsleden dy’t har blykber yn har funksje ferbrekke moatte yn de eigen taal oanmoedigje om dat net te dwaan.

De Ried wol riedsleden oanmoedigje om Frysk (of de eigen streektaal of it Stedfrysk) te brûken yn de riedsseal en op oare plakken. Dêrom krije se allegearre in bûsboekje. Dat bûsboekje is foar it deistich gebrûk. It bûsboekje falt tige op! It bringt eltsenien yn it sin dat der mei dat riedslid Frysk praten wurde kin. Yn it bûsboekje stiet in bulte ynformaasje, alles yn de Fryske taal. Dat hâldt jo by de tiid en jo lêze  alle dagen  in bytsje Frysk.

It bûsboekje 2020 is de 45e útjefte fan de Frysktalige aginda. Dit jier is it tema Tiid. De Ried fan de Fryske Beweging jout neist it bûsboekje ek it folslein Frysktalige tiidskrift De Nije út, dat fjouwer kear yn it jier ferskynt.  Beide útjeften binne te krijen by de measte boekhannels en kiosken yn Fryslân.

jannewaris 8, 2020 12:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.