Protte eagen skansearre troch fjoerwurk

jannewaris 8, 2020 15:11

Foto: morguefile.com

It tal minsken dy’t mei Ald en Nij eachskea oprûn hawwe, hat gâns oanwûn, seit it Nederlands Oogheelkundig Gezelschap. Mei de jierwiksel rekken 168 minsken yn Nederlân ferwûne oan ien of beide eagen. Yn sikehûs MCL yn Ljouwert kamen acht slachtoffers mei eachskea yn.

Fan de acht slachtoffers dy’t by it MCL binnenkamen, hawwe twa minsken bliuwende skea oan de eagen. By de oare Fryske sikehûzen yn Drachten, It Hearrenfean en Snits binne gjin minsken behannele foar eachskea troch fjoerwurk.

It Nederlands Oogheelkundig Gezelschap hâldt sûnt 2008 by hoefolle minsken oft oan skansearre eagen behannele wurde moatte. Hast de helte fan de slachtoffers rekket ferwûne troch fjoerwurk dat in oar ôfstekt. 65 persint fan de slachtoffers rekket ferwûne troch legaal fjoerwurk.

De organisaasje pleitet foar in folslein ferbod op it ôfstekken fan fjoerwurk.

Boarne: Omrop Fryslân

jannewaris 8, 2020 15:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.