Problemen Australian Open: needwaar yn Melbourne

jannewaris 15, 2020 09:25

Op de twadde dei fan de kwalifikaasjes foar de Australian Open hat de fersmoarge lucht yn Melbourne, as gefolch fan de boskbrannen, foar problemen soarge. De tennispartijen fan woansdei begûnen mei trije oere fertraging, mei’t de luchtkwaliteit oan it begjin fan de dei te min wie.

Foto: pixabay.com

Yn ’e rin fan de dei waarden de omstannichheden wat better en koe der dochs tennisse wurde. In oermannich letter moast it spul lykwols opnij stillein wurde, diskear fanwege slim needwaar.

Tiisdei rûn de earste omgong fan de kwalifikaasje foar it earste grandslamtoernoai fan it jier ek al opûnthâld op. By einbeslút giene de tennissers dochs noch de baan op, mar der wie ek in protte krityk. De Nederlânske spylster Richèl Hoogenkamp, dy’t útskeakele waard, klage oer seare eagen en de Sloveenske Danila Jakupovic moast sels gûlend ophâlde fanwege benaudens.

Doe’t der woansdei dochs spile waard, berikten de Nederlanners Lesley Pattinama-Kerkhove en Tallon Griekspoor de twadde omgong fan it kwalifikaasjetoernoai. In stikmannich oare sporteveneminten by Melbourne giene woansdei hielendal oer, lykas regionale tennistoernoaien en hynsteraces. It haadtoernoai fan de Australian Open set takom moandei útein.

jannewaris 15, 2020 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.