Petysje C.S.C. De Jouwer tsjin ferheging sealhieren De Fryske Marren

jannewaris 7, 2020 09:46

Sportferiening C.S.C. De Jouwer hat in petysje opset rjochting gemeente De Fryske Marren. Dat nei oanlieding fan it berjocht dat de gemeente de kommende tsien jier de tariven foar de hier fan binnendoarsportakkomodaasjes drastysk ferheget.

Foto: Fredau Buwalda

Ferieningsbestjoeren en sporters út de hiele gemeente heakje manmachtich by de petysje oan en roppe ek harren leden en sympatisanten op om dy te ûndertekenjen, mei’t it beslút fan de gemeente grutte konsekwinsjes foar de takomst fan it ferieningslibben meibringt.

In hierferheging betsjut foar ferienings faak fuortdaliks in kontribúsjeferheging. Ferienings hawwe it al dreech mei weromrinnende lede-oantallen en de maatregel helpt dat allinnich mar yn ’e hân. Nettsjinsteande dat ferienings ferskate kearen ynsprutsen ha by it Petear fan de gemeenterie en de konsekwinsjes op it aljemint brocht ha, skreau De Fryske Marren yn novimber yn in brief oan de ferienings dochs de hierferhegings trochsette te sillen mei yngong fan 1 augustus 2020. De tariven gean de kommende tsien jier mei 10% omheech en binne dêrmei yn 2029 ferdûbele. Dat jildt foar alle gemeentlike binnendoarsportakkomodaasjes. In trajekt dat neffens de gemeente needsaaklik is om de begrutting wer yn balâns te krijen.

De petysje
Yn de petysje ropt C.S.C. De Jouwer al syn leden en de leden fan alle oare binnendoarsportferienings yn De Fryske Marren op om har út te sprekken tsjin de fikse ferheging fan de sealhieren. De feriening docht it fersyk oan de gemeente om opnij yn berie te gean en it sporten by ferienings tagonklik en betelber te hâlden. Yn de earste trije dagen tekenen al 800 meistanners de petysje, dy’t op ynternet te finen is op Petities.nl.

C.S.C. De Jouwer
C.S.C. De Jouwer fierde yn 2019 syn 90-jierrich jubileum en telt op it stuit sa’n 400 leden. De feriening makket gebrûk fan de ferskillende sealen yn Sporthal De Stuit op ’e Jouwer en biedt mei turnjen, gymnastyk, freerunning, foljebal, senioaresport en strong & fit foar jong en âld in grut en ferskaat oanbod op rekreatyf en wedstriidnivo.

jannewaris 7, 2020 09:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.