Ofskied en ynstallaasje Steateleden

jannewaris 23, 2020 09:32

Woansdeitemoarn 22 jannewaris namen Marijke Roskam (PvdA) en Dennis de Calonne (ChristenUnie) ôfskied as lid fan Provinsjale Steaten. Dat barde yn de Steategearkomste. Deselde moarn binne de ferfangers beëdige. Jan Walrecht komt yn it plak fan Marijke Roskam en Lieuwe van der Pol nimt it plak fan Dennis de Calonne yn.

Foto: Provinsje Fryslân

Dennis de Calonne (38) fan It Hearrenfean wie earder riedslid fan de gemeente Smellingerlân. Nei acht jier is er oerstapt nei de provinsjale polityk. Fan maart 2019 ôf wie er lid fan Provinsjale Steaten út namme fan de ChristenUnie. De funksje is lykwols net mear te kombinearjen mei syn húshâlding en wurk en hy hat besletten om ôfskied te nimmen. Marijke Roskam (37) út Koarnwert stelde har oardel jier lyn kandidaat as listlûker. Doe wurke se fulltime, mar sûnt de komst fan har twadde soantsje falt it Steatelidmaatskip net mear te kombinearjen mei it memwêzen en har oare wurk.

Foto: Provinsje Fryslân

De kommissaris fan de Kening hat sawol Roskam as De Calonne tasprutsen: “Mei it jimme goed gean”, sei drs. A.A.M. Brok. Nei ôfrin binne Jan Walrecht (70) út Aldehaske en Lieuwe van der Pol (65) út Wâldsein ynstallearre troch de kommissaris fan de Kening as nije leden. Hja meie fan no ôf plak nimme yn ‘e Steateseal. Walrecht is pinsjonearre ekonoom en is sûnt septimber 2019 kommisjelid. Van der Pol is sûnt april 2019 kommisjelid fan de Provinsjale Steaten. Dêrfoar wie er 16 jier riedslid yn de gemeente Snits en dosint applikaasjeûntwikkeling (oant septimber 2019) oan ROC Friese Poort.

jannewaris 23, 2020 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.