Oant no ta 2,4 miljoen euro ynkaam foar Australië

jannewaris 17, 2020 12:05

By it Nederlânske Reade Krús is oant freedtemoarn 1,2 miljoen euro ynkaam foar de helpferliening by de boskbrannen yn Australië. Mei it jild wurde lokale tiims fan it Reade Krús stipe, dy’t needhelp jouwe oan minsken dy’t troffen binne troch de brannen en ek psychososjale help biede.

Foto: Matthijs Verkuijl

It Reade Krús iepene alve dagen lyn giro 5125. Nei twa dagen wie dêr 454.000 euro op stoart. Underwilens is dat oprûn ta 1.197.911 euro. It Wrâldnatuerfûns sammelet jild yn foar needhelp oan bisten dy’t troch de brannen troffen binne. By de lêste tuskenstân stie de teller dêr op 1,2 miljoen euro.

Australië kampt al moannen mei swiere boskbrannen, benammen yn it súdeasten. Troch de boskbrannen is in gebiet twa kear sa grut as Nederlân ferbaarnd. It is fan ’e wike wol begûn te reinen. De brânwacht ferwachtet net dat de brânhurden dêrtroch hielendal útgean, mar wol dat it better slagje sil om se ûnder kontrôle te krijen.

jannewaris 17, 2020 12:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.