NS: tefredenheid reizgers nimt ta

jannewaris 27, 2020 09:46

Foto: Wikimedia Commons/Combino – lisinsje CC BY-SA 3.0

It tal minsken dat tefreden is oer it reizgjen mei de trein is it ôfrûne jier opnij tanaam, seit de NS. Yn 2018 joech 86 persint fan de reizgers in sân of heger, in jier letter wie dat tanaam ta 89 persint.

It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat as minimumeask foar de NS 74 persint tefredenheid. Foar it ûndersyk ûnderfrege de NS 46.000 treinreizgers. Neffens it bedriuw wurdearje minsken de nije, moderne treinen en de NS-app. Fierder docht bliken dat reizgers tefreden binne oer de stiptheid, seit de NS. 92,6 persint fan de treinen kaam ferline jier op tiid oan.

jannewaris 27, 2020 09:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.