Nije spannende podcastsearje fan Omrop Fryslân: Bonkerak

jannewaris 27, 2020 09:23

Omrop Fryslân komt mei in nije podcastsearje: Bonkerak. Fan freed 24 jannewaris ôf wurdt alle wiken in ôflevering publisearre. Bonkerak is in rige fan tweintich folksferhalen dy’t bewurke binne ta harkspullen. It binne allegear spannende, horrorachtige ferhalen. De searje set útein mei in Frysk folksferhaal: ‘It bonkerak yn de Herberch’ oer in Drachtster timmerman dy’t konfrontearre wurdt mei in spûk. Der binne ek ferhalen dy’t spylje yn de Skotske Heechlannen, Ierlân, Frankryk en Amearika.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Podcastmakker Geartsje de Vries is tige bliid mei de searje: “Folksferhalen binne poer geskikt om der harkspullen fan te meitsjen. Der binne moaie dialogen oan tafoege en as makker koe ik my hielendal útlibje yn de lûden dy’t derby set binne. It wie wol in útdaging om bygelyks in spûk prate te litten. Want hoe praat in spûk? Tegearre mei de audiotechnikus ha ik dat besocht te ferbyldzjen troch in effekt op de stim te setten.”

Bonkerak is fan 2001 oant 2008 útstjoerd as skoalradiorige foar de heechste groepen fan de basisskoalle. “Ik ha it altyd skande fûn dat sa’n moaie searje mar sa’n beheind publyk berikt hat en ik rûn al langer mei it idee om de searje ek op ien of oare wize oan folwoeksenen oan te bieden. It is in podcastrige wurden en dêr bin ik ôfgryslik bliid mei”, sa seit Geartsje de Vries.

Fan 24 jannewaris ôf komt der wykliks in ôflevering fan Bonkerak online. De podcast is te beharkjen fia Omropfryslan.nl/podcast, de Omrop-app, Spotify en de oare bekende Podcast-apps.

jannewaris 27, 2020 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.