Nije searje fan de Van Rossems

jannewaris 30, 2020 08:56

De Van Rossems binne werom. Nei in útstapke nei Dútslân fan Maarten en Vincent van Rossem foar Broeders in Berlijn binne se no wer mei har trijen.

De Van Rossems yn Ljouwert (foto: NTR/Denise van Laar)

Sis spilet lykas wenst in wichtige rol by de ferkenningstochten fan in seistal stêden. De Van Rossems fertelle oer dy stêden mei in protte kennis, sljochtwei en mei gefoel foar humor. Maarten docht dat út syn spesjaliteit skiednis wei, Sis as keunsthistoarikus en Vincent as saakkundige op it mêd fan arsjitektuer. De searje is produsearre troch Skyhigh TV yn opdracht en ûnder einredaksje fan de NTR.

Yn de earste ôflevering, op tiisdei 4 febrewaris, 20.25 oere op NPO2, bringe de Van Rossems in besite oan Zutphen.

Nei Zutphen sjogge we de Van Rossems noch yn Gouda (11 febrewaris), Bergen op Zoom (18 febrewaris), Antwerpen (25 febrewaris), Leien (3 maart) en Ljouwert (10 maart).

jannewaris 30, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.