Nije lofthaven Lissabon gefaar foar Nederlânske skriezen

jannewaris 29, 2020 10:29

De komst fan in nij fleanfjild by de rivier de Taach fersteurt de rêst fan skriezen dy’t yn Portugal oerwinterje, warskôgje Portugeeske natuerbeskermers. De skries is de nasjonale fûgel fan Nederlân en wurdt al jierren mei útstjerren bedrige. It bist stiet dêrom op ’e reade list.

Skries (foto: Wikipedia/Hans Hillewaert – lisinsje CC BY-SA 4.0)

De skriezen brûke de rysfjilden yn it gebiet by de haadstêd Lissabon om fetreserves op te bouwen foar harren reis nei Nederlân. Lokale wittenskippers ferwachtsje dat de trekfûgels troch it leven fan de oerfleanende fleantugen ferjage wurde. Dêrtroch is der ek kâns dat de fûgels pas letter yn Nederlân oankomme en dat de briedtiid hjir fersteurd wurdt.

Fan febrewaris ôf komme in protte greidefûgels nei Fryslân om te brieden. De bou fan de lofthaven set dit jier útein en sil nei alle gedachten seis jier duorje. Besjoen wurdt oft der maatregels troffen wurde kinne om de skea foar de fûgels te beheinen.

jannewaris 29, 2020 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.