Nije Fryske bibeloersetting yn tarieding

jannewaris 15, 2020 12:08

Freedtemiddei 17 jannewaris hâldt de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) in stúdzjegearkomste yn Frjentsjer as tarieing op in nije Fryske bibeloersetting.
It taalgebrûk is yn de lêste tritich, fjirtich jier sa bot feroare dat de YKFE fan betinken is dat de lêste oersetting – út 1978 – net mear fan dizze tiid is. Dêrom wurdt yn gearwurking mei it Nederlânsk Bibelgenoatskip in projekt opset om te kommen ta in fernijde oersetting dy’t hjoed-de-dei better past en it yn de kommende tiid wer in skoft úthâlde kin.

Yn de stúdzjegearkomste sille bibel- en taalwittenskippers har bûge oer fragen as Wat is oersetten?, Hoe oersette fan it Hebriuwsk nei it Frysk?, Wat is geef en linich Frysk? en Wat binne de kânsen en wat mei ferwachte wurde fan in nije oersetting? Ien en oar sil ek besjoen wurde oan ’e hân fan in stikmannich priuwkes fan oersettingen. De gearkomste stiet ûnder lieding fan deifoarsitter ds. Hinne Wagenaar.

jannewaris 15, 2020 12:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.