Besjoch krekt opdûkte nije filmbylden befrijing Ljouwert

jannewaris 10, 2020 09:46

By it Frysk Filmargyf binne nije filmbylden fan de befrijing fan Ljouwert opdûkt. It giet om twa films fan yn totaal acht minuten fan de Ljouwerter binnenstêd op 15 april 1945. It Frysk Filmargyf hat de bylden digitalisearre en hat se tongersdei nei bûten ta brocht. De bylden binne filme troch Johan en Agaath Witteveen-Obbema. De famylje Witteveen wenne oan de Wurdumerdyk 25, foar de Menistetsjerke oer.

Foto: Frysk Filmargyf

Patrûlje BS’ers op ’e Wurdumerdyk yn Ljouwert
It Frysk Filmargyf hie al ferskate filmkes fan de Ljouwerter befrijing yn ’e kolleksje. Dy litte sjen hoe’t de Kanadezen mei jeeps en tanks troch de strjitten ride, de befrijers feestlik ûnthelle wurde, Kanadeeske soldaten hanttekens en sigaretten útdiele, tanks dy’t troch it publyk beklommen wurde. Mar de Witteveens hawwe ek filme wat yn hast alle oare Ljouwerter befrijingsbylden ûntbrekt: de moarn fan 15 april, doe’t de Kanadezen Ljouwert noch net berikt hiene. We sjogge in lege en skjinne Wurdumerdyk op sneintemoarn, dêr’t de BS (Ynlânske Striidkrêften) – swier bewapene – en plysjemanlju de baas binne. De bewenners weagje har noch net op ’e dyk, der hingje noch gjin flaggen út. De minsken gluorkje troch it rút, sjogge om it hoekje fan de doar. Se hawwe heard dat de Kanadezen op kommende wei binne. Mar der is twivel. Hat de BS de stêd wol echt yn ’e hân? Is der gjin gefaar foar slûpskutters? Dy ûnwissens sjogge we yn it earste filmke fan de Witteveens.

Foto: Frysk Filmargyf

De Ljouwerter amateur Ruurd Rodenburg lei de spanning fan dy moarn yn in stikmannich shots fêst. Hy filme de BS’ers troch syn sliepkeamerrút mei útsjoch op de trijesprong Spanjertsleane-Troelstrawei. Wat de measte Ljouwerters dy moarns noch net witte kinne, is dat de BS de 200 achterbleaune Dútsers nachts oernmastere hat. Alle finzenen binne befrijd út de Blokhúspoarte, slûpskutters binne útskeakele, earste arrestaasjes wurde útfierd. De ‘grutte himmelaksje’ fan de BS is glorieus slagge. De Dútsers hawwe inkeld kâns sjoen om it Ald Boargersweeshûs yn ’e brân te stekken en dêrmei it argyf fan de Ortskommandantur te ferneatigjen. Oare Dútske sabotaazje-aksjes binne foar it grutste part tefoaren kaam.

Om tolve oere lûke de Kanadezen de stêd yn. It feest barst los. De Witteveens lizze de wille fêst. Mar se filmje ek hoe’t inkelde ‘moffehoeren’ weifierd wurde. Ien fan harren wurdt twongen om in foto fan in Dútske ofsier boppe de holle te dragen. In oar rint mei fingers yn ’e earen om it razen fan de omstanners net te hearren. In tredde lûkt in doek oer de holle. It binne pynlike bylden. Dêrnei is der fleurigens as der in rezjimint Skotten yn rokken en mei doedelsekken foarbygiet. Oan ’e ein fan de film wurdt de lytse Johan Witteveen jr. optild troch in Kanadeeske soldaat. Twiveljend wiuwt er mei in Nederlânsk flachje. Ljouwert is frij.

Foto: Frysk Filmargyf

Deltaplan Digitalisearring
It Frysk Filmargyf digitalisearre de filmkolleksje fan de famylje Witteveen yn it ramt fan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed Fryslân. Nei oanlieding fan 75 jier Frijheid presintearret it filmargyf no dy befrijingsbylden. Se binne te besjen op YouTube. Oare befrijingsfilmkes út de kolleksje fan it Frysk Filmargyf – Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean, Dokkum, Snits, Boalsert, Nijlân, Kollum- binne ek op YouTube te finen.

Poadium Frysk Museum
It Frysk Museum biedt fan 11 april o/m 6 septimber 2020 in poadium foar ferskate projekten yn it ramt fan 75 jier frijheid yn Fryslân. De wichtichste WOII-bylden út it Frysk Filmargyf, mei in seleksje fan de befrijingsbylden fan Ljouwert en oare Fryske plakken ynbegrepen, sille dêr toand wurde.

jannewaris 10, 2020 09:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.