Nij gemeentewapen Waadhoeke presintearre

jannewaris 15, 2020 08:56

Ofrûne freed hat de gemeente Waadhoeke syn nij gemeentewapen presintearre. Dat barde by de nijjiersresepsje yn it gemeentehûs yn Frjentsjer.

Ofbylding: Gemeente Waadhoeke

It wapen waard troch boargemaster Marga Waanders tegearre mei gemeentesekretaris Annet van Doesburg ûntbleate op in grut tegeltablo. It tablo is makke troch de ambachtlike tegelmakkerij Albarello út Menaam.

Gemeentewapen Waadhoeke
It nije wapen mei de blauwe, de wite, blau/griene banen symbolisearret in waadgemeente. Lân út see. De wite baan symbolisearret de dyk dy’t omheech giet en foar dynamyk en foarútgong stiet. De skyldhâlders binne de goadinnen Minerva en Ceres. De goadinne Minerva ferwiist nei de histoarje fan Frjentsjer as akademystêd. Ceres is de beskermgoadinne fan de lânbou. Boppe-op it wapen stiet de Fryske Gritenijkroan te pronk mei trije blêden en twa kear trije pearels.

Kommisje heraldyk
It wie foar de gemeente Waadhoeke fan grut belang dat it wapen mei kennis út de eigen gemeente ta stân kaam. In spesjale kommisje hat him dêr de ôfrûne moannen mei dwaande holden.

De kommisjeleden hawwe allegear histoaryske kennis fan de eardere gemeenten en de regio. De kommisje bestie út: Manon Borst, direkteur Museum Martena Frjentsjer, Ali Bronger, sekretaris fan Stichting Bildts Aigene, Jan Folkerts, eardere gemeentesekretaris gemeente Littenseradiel en skiedniskenner fan de regio, Jan Metzlar, argivaris gemeente Waadhoeke en fan de eardere gemeente Menameradiel en Piet Bultsma, heraldysk tekener fan de Hege Ried fan Adel yn De Haach.

jannewaris 15, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.