Nei 25 jier gjin nije aventoeren mear fan Bear Boeloe

jannewaris 13, 2020 09:30

“Bear Boeloe, Bear Boeloe, Boeloe de bear, wat oh wat belibbet er dizze kear.” Ferskate generaasjes binne opgroeid mei dat ferske en de aventoeren fan Bear Boeloe. 25 jier nei de start fan it programma yn jannewaris 1995 komt der in ein oan de ferhalenrige en wurde der gjin nije ôfleveringen mear makke. Dat waard snein bekend makke yn it radioprogramma Buro de Vries. “It 25-jierrich jubileum is in moai momint om op te hâlden en op syk te gean nei nije útdagingen”, sa fertelt Feije van der Meer, de stim fan Bear Boeloe.

Ofbylding: Omrop Fryslân/Helena de Boer

Der binne noch 13 nije ôfleveringen makke mei de bekendste bear fan Skiermûntseach. Dy binne yn de rin fan dit jier op telefyzje te sjen. Bear Boeloe sil net hielendal út de programmearring stappe by Omrop Fryslân. Sa is hy mei syn freonen noch te sjen yn it berneprogramma Sokkebalje en binne de útstjoeringen online werom te sjen fia Omropfryslan.nl en Skoal.tv.

Bear Boeloe wike
Om it 25-jierich jubileum te fieren is der in spesjale Bear Boeloe wike by Omrop Fryslân. Fan 13 oant en mei 17 jannewaris traktearret de Omrop sawol de lytste fans as de gruttere leafhawwers op in fûgelflecht út it bestean fan Bear Boeloe. Alle dagen is Bear Boele mei in pear ôfleveringen werom op it âlde fertroude tiidstip: 18.45 oere. De wike begjint mei de alderearste trije ferhalen út 1995 en sil fia lettere ôfleveringen (om de 200e, 400e en 600e hinne) útkomme by de alderlêste (nije) ôfleveringen. Dêrnjonken meitsje fans yn it radioprogramma Weistra op Wei kâns op offisjele tekeningen fan Bear Boeloe.

Bear Boeloe is it programma fan Omrop Fryslân foar bern fan 3 oant 6 jier. Yn de ferhalen fan Bear Boeloe komme faak maatskiplike ûnderwerpen oan bar, dy’t op in moaie manier ferpakt wurde. Sa binne se nijsgjirrich foar de bern, mar mei in knypeach nei de folwoeksenen. Yn de 25 jier hat Helena de Boer, de tekeneresse en skriuwster, 785 ferhalen makke en hawwe Leny Dijkstra en Feije van der Meer soarge foar hast 60 stimmen. De rezjy wie al dy jierren yn hannen fan Feije van der Meer.

jannewaris 13, 2020 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.