Nederlânsk giet Frysk en Twintsk efternei

jannewaris 9, 2020 14:30

Dichter Piet Paaltjens skreau ris oer it Frysk dat it “naar ploeg en koestal” flechte wie. Histoarikus Oebele Vries brûkte dy dichtrigel letter foar in boek oer it ferdwinen fan de Fryske skriuwtaal nei de midsiuwen. Yn in artikel op it webstee neerlandistiek.nl freget taalkundige Henk Wolf him ôf oft it Nederlânsk ek nei de ploege ek it bûthús ta stjoerd wurdt. De oanlieding is dat de universiteit fan Twinte yn Ynske syn meiwurkers ferbean hat om ûnderling yn it Nederlânsk te kommunisearjen as der in net-Nederlanner by is. Hja moatte dan it Ingelsk brûke. Op skrift moatte hja hoe dan ek altiten Ingelsk brûke.

It ferbod jildt foar alle personiel, dus ek foar kantinemeiwurkers en konsjerzjes. Wa’t it Ingelsk net goed kin, moat op kursus. It leafst wol de universiteit dat de supermerk en de húsdokter om ‘e hoeke ek folslein Ingelsktalich wurde. Nederlânsk mei allinnich noch yn ynformele situaasjes brûkt wurde, as der gjin net-Nederlanners by binne. Neffens Wolf giet it Nederlânsk it Frysk en Twintsk efternei.

Klik hjir om Wolf syn stik te lêzen.

jannewaris 9, 2020 14:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.