Meindert Talma en syn Domela Passy

jannewaris 19, 2020 12:00

Meindert Talma en syn Domela Passy

Meindert Talma toert mei De Domela Passie troch Nederlân. Filmer Herman Zeilstra folge foar Fryslân DOK it ta stân kommen fan it projekt. Ut de film docht bliken hoe’t Meindert Talma him yn de ôfrûne tweintich jier ûntwikkele hat as in sterke, autonome keunstner.

Meindert Talma (foto: Omrop Fryslân/Herman Zeilstra)

De eigensinnige muzikant Meindert Talma út Surhústerfean dûkt yn it libben fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, predikant en de earste sosjalistyske foarman. Domela moedige de earme arbeiders oan om selsstannich te tinken en harren te ferienigjen. Hy waard ‘ús Ferlosser’ neamd en in soad noarderlingen hiene in portret fan him yn ‘e hûs te hingjen. Domela naam ôfskied fan de tsjerke, mar bleau Jezus trou. Meindert Talma is troch beide figueren fassinearre: Domela en Jezus. Hûndert jier nei it ferstjerren fan Domela makke hy in passy oer him, nei religieus foarbyld.

De dokumintêre lit sjen hoe’t Talma himsels as muzikant en komponist hieltyd opnij útfynt. Mei de Domela Passy giet er in nije faze yn. Sjoernalisten binne loovjend en sprekke fan ‘een voorlopig hoogtepunt’ en ‘zijn magnum opus’.

Fryslân DOK De Domela Passy fan Meindert Talma
25 jannewaris 15.30 oere, NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 26 jannewaris 13.00 oere)
26 jannewaris 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

jannewaris 19, 2020 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.