Marcel Smit presintearret nije album yn Fryske tsjerken

jannewaris 29, 2020 15:50

Marcel Smit is snein yn Dedzjum mei de poadiumtoer fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken úteinset. Dy jierliks organisearre toernee stiet yn 2020 yn it ramt fan it 50-jierrich jubileum fan de stifting en de presintaasje fan in nij album fan de sjonger. Yn 16 tsjerken sjongt Smit syn hiele nije cd, dy’t freed yn Baaium offisjeel útrikt wurdt.

De krekt troch de stifting yngeand opknapte Dedzjumer tsjerke siet snein stiiffol. Smit spile ûntspannen foar it earst al syn lieten fan de nije cd en noch wat mear. By de measte joech er in humoristyske ynlieding. Hy hie goed kontakt mei it omsittend laach, dêr’t er graach fan witte woe oft de sankjes goed oerkamen. Dat wie perfoarst it gefal, al koene guon it Westerener dialekt fan de sjonger somtiden net alhiel neikomme. Smit hold him sekuer oan de albumfolchoarder; lykwols wie it in ôfwikseljend programma mei flotte en rêstige nûmers, dêr’t it publyk gauris om laitsje koe, mar guon moasten op in stuit ek skrieme. Dat lêste by it gefoelige ‘In part fan dy’, fan Smits foarrige album, dat er ‘sa’t it bedoeld wie’ unplugged spile.

Marcel Smit en ympressario Joke Smit, ôfrûne snein: “De Alde Fryske Tsjerken foarmje mei-inoar ien grut teäter en hjir binne we yn seal Dedzjum”. Foto: It Nijs

It iennichste selsskreaune nûmer, ‘Goudsjeblom’ op Smit syn earste cd wie yn 2007 daliks in boppeslach. Syn earste kompleet Frysktalige album ‘Muzyk’ kaam yn 2011 út en waard rûnom priizge. Sûnt heart er by de wichtige Fryske sjongers, dêr’t er ek mei gearwurket, lykas yn it Frisicana-projekt mei Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. Fan 2012 ôf skriuwt de autodidaktyske sjonger al syn lieten sels. Nei syn twadde album ‘Mear muzyk’ út 2014 folget no ‘Noch mear muzyk’. Sjoch hjir foar de teksten.

De Stichting Alde Fryske Tsjerken besiket godshûzen te behâlden dy’t langer, meidat minsken minder tsjerkje, harren eardere funksje ferlieze. Neffens de stifting is it tige wichtich dat kultuerhistoarysk erfskip yn stân te hâlden, mei om’t fierder yn Europa nearne safolle letmidsiuwske tsjerken bewarre bleaun binne as yn Noard-Nederlân. In oersjoch fan it besit fan de stifting is hjir te finen. Om de tsjerken foar it neiteam te bewarjen, folstiet it net om se te restaurearjen en te ûnderhâlden, mar moatte se ek wer in funksje krije ‘yn it mulpunt fan it doarp’. Dêrom wurdt it brûken fan de tsjerken foar konserten, eksposysjes, trouwerijen en oare feesten stimulearre. Foar de organisaasje fan sokke aktiviteiten hat de stifting in eigen ympressario yn tsjinst. Klik hjir foar de plende aktiviteiten.

jannewaris 29, 2020 15:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.