Man slim ferwûne nei oanfal troch bolle yn natuergebiet

jannewaris 6, 2020 09:18

Yn Uden yn Noard-Brabân is sneintemiddei in 63-jierrige man slim ferwûne rekke by in oanfal fan in bolle. Omrop Brabân skriuwt dat it slachtoffer spytst is troch de bolle en in pear meter de loft yn smiten is.

Foto: pixabay.com

Wêrom’t de bolle him oanfoel, is net dúdlik. Neffens berjochten kaam it slachtoffer te deunby om’t er in foto meitsje woe. It ynsidint barde yn ’e bosken oan de Karlingerwei. De bosken hearre by it natuergebiet Maashorst, dat him útstrekt oer de gemeenten Uden, Oss, Landerd en Bernheze.

Yn it gebiet rinne keppels grutte gersfretters lykas de wisent en de tauros. Besikers wurdt oanret om fyftich meter ôfstân te bewarjen fan de bisten en de keppels net te trochkrusen.

jannewaris 6, 2020 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.