Lêzing oer ‘Griene Teology’ yn Jorwert

jannewaris 16, 2020 08:11

foto © groenekerken.nl

Snein 26 jannewaris sprekt teolooch en ûndersiker Trees van Montfoort by Nijkleaster yn de tsjerke fan Jorwert oer griene teology. De sprekker is auteur fan it standertwurk Groene Theologie, dat ferliene jier in goede ûnfangst krige. Grien en duorsum binne foar Nijkleaster ek belangrike begripen, benammen by de bou fan it nije kleaster op Westerhûs.

It westerske kristendom hie mei it ûnbedimme brûken fan de natuer iuwenlang gjin muoite, want it gie derfan út dat de minske sintraal stiet yn de skepping en hearsker is oer de natuur. Dat op de minske rjochte wrâldbyld is sa fansels, tinkt Van Montfoort, dat der net by stil stien wurdt. Yn har boek Groene Theologie is te lêzen dat der neffens de Bibel ek oars nei de natuer sjoen wurde kin: net de minske stiet sintraal, mar Gods leafde foar de hiele skepping. Yn har boek behannelet se nijsgjirrige fragen: Wat betsjut dat foar ús? en Wat is ús bibelske opdracht yn dizze tiid?

Mei har boek slút Van Montfoort oan op in tema dat yn ferskate rûnten libbet. Der binne hûnderten griene tsjerken, moskeeën en kleasters en der is in Groene Bijbel. De diakony praat net alline oer sosjale, mar ek oer ekologyske tema’s. Tsjerkrintmasters en ‑bestjoeren wurkje oan duorsum behear fan it tsjerkegebou en de kofje is Fair Trade.

Biologysk boer Auke Stremler út Jorwert sil as earste op it ferhaal fan Van Montfoort reagearje. Op syn webstee https://opdehim.nl/ seit er dat er as boer yn ferbining stean moat mei de konsumint en dat de fraach nei duorsum produsearre iten tanimt. Foar him is biologysk produsearjen dêrom logysk.

Foar Nijkleaster is duorsumheid ek fan grut belang. Dat spilet by it bouwen fan it nije kleaster. Der komme bygelyks sinnepanielen en ‘griis wetter’ foar it waskjen en trochspielen fan it húske.
De gearsit op 26 jannewaris is fan 15.00 oant 16.30 oere. Fan 14.30 oere ôf is de doar iepen. Nei de lêzing en de ko-reaksje is der gelegenheid foar fragen en diskusje. Nei ôfrin is der in neisit.
De kosten binne € 12,50.

Oanmelde kin fia www.nijkleaster.frl 

jannewaris 16, 2020 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.