Lang om let (gedicht)
Resint ferskynd
Lang om let
Lang om let, wie it einlings safier.
It is tiid, it sinniget my net mar moat it litte.
It is tiid, dizz’ mem mocht graach by dy sitte.
It is tiid, silst my dochs net sa gau ferjitte.
Oates en toates moat ik noch altyd gûle.
Wit it noch, mem en soan ús ûnbrekb’re bân.
Wit it noch, sa ‘n lyts jonkje struts my oer de hân.
Wit it noch, mar trije jier, en al sa ’n goed ferstân.
Skrink en skrank dat is no myn deistich libben.
Ik lit it, winskje dy it bêste mei dyn wiif.
Ik lit it, ’k mei har net, sy is sa kâld en stiif.
Ik lit it, it hert berst my út it liif.
Om hûs en hear ik kin it nearne net mear fine.
Muoisum,sliepe.. it kin net, it wurdt mar letter.
Muoisum, ik hear de stimmen al wit ’k better.
Muoisum, ik lit mysels sakje yn ’t kâlde wetter.
Sander, Oerterp
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje