Krystkongres 2019

jannewaris 14, 2020 19:09

Lykas alle jierren hat de Federaasje foar Fryske Studinteferienings yn desimber dit jier wer in krystkongres organisearre, mei dit jier as tema: Warberens yn de Waadhoeke.

It begûn mei in ûntfangst troch de boargemaster yn it gemeentehûs fan Frjentsjer.

Boargemaster Marga Waanders ferwolkommet de studinten yn it gemeentehûs. Foto © Joachim de Ruijter

Nei moaie taspraken fan de boargemaster en de foarsitter fan de krystkongreskommisje mochten de oanwêzigen as earste groep studinten yn de nije kolleezjeseal fan de Frjentsjerter Akademy sitte.

Op nei de Botniastins. Foto © Joachim de Ruijter

Nei de rûnlieding troch it akademygebou, de Botniastins, wie der tiid foar in lunch. Nei de lunch begûn it sympoasium mei fiif sprekkers. De earste sprekker fertelde hoe’t Wetterskip Fryslân it hiele jier de wetterstân op peil hâldt, sadat de ynwenners nea mei te folle of te min wetter sitte. Gerrit en Jelle Seerp Jukema, twa ynnovative boeren út de Waadhoeke, leine út hoe’t sy op in alternative manier mei it lân omgeane. De tredde sprekker wie de lokale bierbrouwer fan Tsjerkebier dy’t ûnder mear fertelde oer it doel fan it bedriuw om in diel fan de opbringsten te’n goede komme te litten oan it wergebrûk fan leechsteande tsjerken. As ferrassing wie foar elke studinteferiening in persoanlik bieretiket ûntwurpen.

Nei in koart skoft fertelde in oare lokale ûndernimmer oer syn beide bedriuwen: it iene dat it mooglik makket om simmerdeis te reedriden, en it oare, de slakkekwekerij Seisbierrumer escargots. Fansels koene de frituerde slakken ek preaun wurde. De lêste sprekker wie Jan Jetze Bakker, in boer út de regio, dy’t fertelde hoe’t in boerebedriuw yninoar stekt en wat syn fyzje is op de takomst fan boerebedriuwen yn de regio.
Nei it sympoasium wie it tiid foar it jûnsprogramma mei jûnsiten en in iepen poadium foar wat lytse kabaretfoarstellingen.

It kongres waard mei mooglik makke troch de finansjele stipe fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Yn de federaasje binne op it stuit trije studinteferfieningen aktyf: de Grinzer Feriening foar Fryske Jongerein F.F.J. Bernlef, it Wageningsk studinteselskip foar Fryske stúdzje WSSFS en it Delftsk Studinteselskip foar Fryske Studzje Aldgillis.

jannewaris 14, 2020 19:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.