Krystkongres 2019 (útwreide ferslach)

jannewaris 16, 2020 22:22

Lykas yn foargeande jierren organisearre de Federaasje foar Fryske Studinteferienings yn desimber wer in krystkongres, dit jier mei as tema: Warberens yn de Waadhoeke. It begûn mei in ûntfangst troch de boargemaster fan de gemeente Waadhoeke yn it stedhûs fan Frjentsjer. Omdat it kongres oer de Waadhoeke gie, ferdúdlike de boargemaster de takomstfyzje fan de gemeente. Se prate ûnder mear oer leechrin en dat der sa no en dan gebouwen sloopt wurde moatte om plak te meitsjen foar natuer. Mar wichtiger is it om it waadgebiet oantrekliker te meitsjen foar bedriuwen, wêrtroch’t de wurknimmers ek yn de Waadhoeke wenje wolle. Dêrneist moat troch ynvestearringen yn natuer en toerisme Noardwest Fryslân better op ’e kaart komme. Neidat de foarsitter fan de kongreskommisje de dielnimmers in gesellich en learsum kongres tawinske hie waard der in moaie bordesfoto makke fan alle oanwêzigen.

foto © Joachim de Ruijter

De kongresdielnimmers mochten as earste groep studinten yn de kolleezjeseal fan de Frjentsjerter Akademy sitte. Dêr fertelde de stedsgids oer it wyt fan de akademy: de ôfstân tusken perifeare gebieten en de universiteit lytser meitsje. Dat wurdt besocht troch kolleezjes te jaan oer saken dy’t yn Noardwest Fryslân spylje, lykas de boaiemdelgong, fersâltsjen fan de grûn en de ûntwikkeling fan it Waadgebiet. Nei de rûnlieding troch it akademygebou, de Botniastins, wie it tiid foar in lunch yn De Bogt fen Guné.

Op nei de Botniastins. Foto © Joachim de Ruijter

Nei de lunch begûn it sympoasium. De earste sprekker die út de doeken hoe’t syn organisaasje, Wetterskip Fryslân, it hiele jier de wetterstân op peil hâldt, sadat de ynwenners nea mei te folle of te min wetter sitte. Dat bart troch konstant it peil fan it grûnwetter te kontrolearjen en te sjen wêr’t wetter nedich is en wêr’t oerskotten binne. Dêrby wurdt it waar ek goed yn ’e gaten holden. Dat betsjut wol dat it Wetterskip rekken hâlde moat mei boeren, ynwenners en natuer. Tink dêrby oan de wetterstân yn de feangebieten. In oare taak is it op de lange termyn ynskatten wêr’t ferlet is fan nije ynfrastruktuer lykas slûzen en gemalen en dy te ûnderhâlden. Dy belangen allegear te tsjinjen is dreech en ek in polityk spul, dêr’t minsken sels ynfloed op útoefenje kinne.

Gerrit en Jelle Seerp Jukema, twa ynnovative boeren út de Waadhoeke, leine út hoe’t sy op in alternative manier mei it lân omgeane. Op in diel fan harren grûn eksperimintearje se mei in systeem fan permakultuer. Dêr hoopje se op de lange termyn de grûn mei te ferbetterjen, wat betsjut dat der minder wurkoeren makke wurde, minder bestridingsmiddels nedich binne en de kwaliteit fan de risping omheech giet. Dat wolle se berikke troch in kombinaasje fan beammen en strûken yn it fjild mei dêrtusken de gewaaksen. Dêrtroch nimt it bioferskaat ta, wat better is foar de risping, mar ek foar de natuer. Se meitsje sels in organyske ferfanger fan keunstdong. Dat soks tige ynnovatyf is en in protte drokte jout, die bliken út in ferhaal fan Jelle Seerp oer de gemeentlike rompslomp dy’t it plantsjen fan beammen opsmite kin.

De tredde sprekker wie de lokale bierbrouwer fan Tsjerkebier út Easterwierrum. Dy fertelde ûnder mear oer de doelstelling fan syn bedriuw om mei de opbringsten tsjerkegebouwen yn Fryslân yn stân te hâlden en se wer in sosjale funksje te jaan en dêrby it autentike te behâlden. Trije ferskillende bieren dy’t it bedriuw brout, brochten moaie ferhalen mei yn de kontekst fan studinteferieningen. As ferrassing wie foar elke feriening in persoanlik bieretiket ûntwurpen en koe der op it kongres ek Tsjerkebier preaun wurde. De brouwer stelde foar om persoanlik by de ferieningen lâns te kommen om it bier te promoatsjen en te ferkeapjen.

Nei in koart skoft fertelde in oare lokale ûndernimmer oer syn beide bedriuwen: it iene dat it mooglik makket om simmerdeis te reedriden, en it oare, de slakkekwekerij Seisbierrumer escargots. It earste bedriuw kin it hiele jier troch reedridersbanen leverje dy’t rap dellein wurde kinne. Sokke keunststofbanen binne tige handich foar lytse eveneminten, trochdat se sa mobyl binne. Der wurde ek redens ferhierd en der binne ‘iismasters’ dy’t benammen bern helpe om it riden te learen. By dy saken en it slypjen fan redens wurdt foaral in berop dien op de famylje. Dat jildt ek foar it kweken fan slakken. It slakkebedriuw is in pear jier lyn oernommen en is noch frij lyts, omdat slakken yn de regio net sa bekend binne. It bedriuw is dan ek drok dwaande om de slakken oan ’e man te bringen by partikulieren en restauranten. Fansels koene de frituerde slakken ek preaun wurde. Der waarden sels wat slakken (yn in potsje) ferkocht, omdat se sa yn ’e smaak foelen.

Lêste sprekker wie Jan Jetze Bakker, in melkfeehâlder út de regio, dy’t fertelde hoe’t in boerebedriuw yninoar stekt en wat syn fyzje is op de takomst fan boerebedriuwen yn de regio. Syn bedriuw is frij grut en is yn de ôfrûne jierren groeid. Hy hat in oantal stâlen op it hiem dy’t hieltyd grutter wurden binne. Dochs docht hy in soad mei de hân. Hy hat in tsiental wurknimmers yn tsjinst en dat soarget foar in bettere kwaliteit, omdat de kij allegearre better yn ’e gaten holden wurde. Sa wurdt earder opmurken as in ko siik is en dan kin dy earder apart set wurde, en bliuwe de oare kij sûn en rêstich. Jan Jetze sels wurket no net mear in soad yn de stâl omdat it hiel yntinsyf wurk is, mar eartiids hat er dat wol dien. Dêrtroch hat er in soad kennis fan saken.

Nei it sympoasium wie it tiid foar it jûnsprogramma mei jûnsiten en in iepen poadium foar wat lytse kabaretfoarstellingen. Mei de nedige ferdivedaasje wie de Bogt fen Guné noch oant yn de betide oerkes fol. Der kin weromsjoen wurde op in tige slagge krystkongres.

It kongres waard mei mooglik makke troch de finansjele stipe fan de Ried fan de Fryske Beweging.

It findel fan de Grinzer studinten. Foto © Joachim de Ruijter

Yn de federaasje binne op it stuit trije studinteferfieningen aktyf: de Grinzer Feriening foar Fryske Jongerein F.F.J. Bernlef, it Wageningsk studinteselskip foar Fryske stúdzje WSSFS en it Delftsk Studinteselskip foar Fryske Studzje Aldgillis.
jannewaris 16, 2020 22:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.