Kear de pest dy’t gebeure hjit

jannewaris 5, 2020 16:07

Skôging

Kop op de ynternetside fan de Omrop: ‘Kontenerramp kin sa wer gebeure, neffens boargemaster Wassink fan Skylge’.

Gebeure? Hoe krijt de Omrop it yn ’e plasse om myn Fryske taal op skrift sa te mishanneljen? Doch it dan mar gewoan yn it Hollânsk, dat lûdet better as sok ik-lul-mar-wat-want-ik-wit-wol-better-mar-ik-ferrek-it dialekt.

Om mar net yn allerhanne ôfmêdzjende diskusjes te bedarjen: der is gjin ein oan it ,,oanpassen” fan de taal oan wat tafallich yn ’e moade is (hollânismen). Ja, ik bin ek net konsekwint. Ja, ik brûk ek wolris wurden dêr’t in better Frysk wurd foar oerlevere is. Ja, ik wit ek wol dat guon wurden dy’t wy as hollânisme sjugge, eartiids ,,gewoan” ek troch Fryske taaltsjoenders brûkt waarden. Ja, elke Frysk-skriuwer moat syn eigen paad troch de wyldernis sjen te finen. Mar it is hjoed wol 2020 en dat bringt syn eigen sitewaasje mei him mei. As Omrop Fryslân in kaai-tiidwurd as barre mar farre lit, helpt er aktyf mei oan it ferdwinen fan de taal. En neffens my krijt er dêr gjin subsydzje foar.

As de Omrop dêr mei begjint, is dat net út âldergewoante wei. It is in mei opset sin besykjen om net inkeld popyjopy te praten, mar ek noch sa te skriuwen. Yn ’t praat brûk ik barre ek net. Ik praat sa’t wy thús praten. Mar yn ’t skriuwen brûk ik it wol. Mei opset sin. Dat is ek wat estetysks. Boppedat, de measte ,,Fryske” tiidwurden dy’t mei ge- begjinne, dêr is wat mis mei. Minsken dy’t ,,gebeure” brûke yn ’t skriuwen, moatte har ôffreegje wêrom’t se by de rûs wol oare, yn it praat yn ûnbrûk rekke wurden en begripen brûke. Dat dogge se net, want se witte dat der dan fan har Frysk gjin splinter mear oerbliuwt.

As einredakteur by it Friesch Dagblad kom ik it allegear tsjin. Ruurdsje de Haan joech okkerdeis yn in diskusje op Facebook deselde foarbylden. Lytsbern foar bernsbern. Wie foar wa. Ungeluk foar ûngemak. Sleutel foar kaai. Ensafuorthinne. Der is yndie suver gjin ein oan de korreksjes dy’t ik oanbring. No hoecht it allegear net sa eptich lykas it op ItNijs wol formulearre wurdt, mar ik moat al in grins lûke. Dêr wurd ik op it foarste plak foar betelle en op it twadde plak haw ik as taalbrûker in ferantwurdlikheid foar myn taal oer.

Taal moat fersteanber bliuwe, fansels. Doch mar gewoan, brocht Ate de Jong nei foarren. Mar ik soe útsjen mei it sentiment fan ‘doch mar gewoan’. Want dat is yn de saak dêr’t wy it no oer hawwe in ferrifeljend advys. Yn in minderheidstaal lykas it Frysk is ‘gewoan dwaan’ net it risseltaat fan in ‘gewoan’ maatskiplik proses dêr’t taalgewoanten yn ta stân komme. Yn in minderheidstaal lykas it Frysk is sprake fan ieuwenlange ûnderdrukking, en om it dêrút fuortkommend analfabetisme dan te ferklearjen ta noarm is neat oars as meihelpe oan it musealisearjen fan in hiel rike taal en in hiel rike literatuer. En dat wolle de measte minsken ek net.

Dat: wat is ‘gewoan’? Altyd skriuwe sa’t je prate? As elkenien skriuwe moat krekt sa’t er praat, dan komt it net goed mei it skreaune Frysk. Ik begjin mar wer oer de minderheidstaal: yn sa’n taal tsjinnet it skreaune wurk as foarbyld, as reservoir fan taaleigen, as it ramt dêr’t de sprektaal yn funksjonearret of as de grûn dêr’t er út opwaakst, noch mear as dat soks ek al it gefal is yn in mearderheidstaal lykas it Hollânsk (dy funksje is dêr ek oan te wizen).

Sprek- en skriuwtaal binne yn it Frysk lang net itselde en wa’t se út ûnbegryp lykskeakelje wol, helpt de taal nei de kloaten. Media litte sokke beswieren gauris mar al te graach fan har ôfglydzje, har taak leit altyd earne oars as by taalbehâld. Lêzers, harkers en sjuggers lûke, nijs, amusemint en ynformaasje bringe, jild fertsjinje. It sil allegear wol, mar media binne ek taalbrûkers en moatte har rekkenskip jaan fan de wize sa’t se mei har taal omgean.

Kear de pest dy’t gebeure hjit.

Abe de Vries

Ek publisearre op https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2020/01/kear-de-pest-dyt-gebeure-hjit.html
jannewaris 5, 2020 16:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga jannewaris 5, 16:30

    Och Omrop Fryslân, it hâldt net oer. Útstjoering “De fleanende start” haw ik nei sjoen, mei 2 omroppers dy “t hiel aardich mei it Frysk útein setten. Stadichoan kamen der Hollanismen en ek geve Nederlânske wurden út harren mûle. It die my sear oan myn earen en nei 5 minuten haw ik it opjûn. Dat de bern, dy yn it kâlde wetter sprongen net sa goed yn ‘t Frysk wiene, dêr kinne sy net folle oan dwaan. Se hawwe it skoalle net better leard.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.