Katalanen fertsjinje stipe

jannewaris 15, 2020 21:31

Ynstjoerd

Rimmer Mulder giet yn syn opiniystik yn de LC fan freed 10 jannewaris flink te kear tsjin de ‘Catalaanse oproerkraaiers’ en tsjin de oprop fan de FNP om 5 febrewaris nei in moeting mei Carles Puigdemont yn Ljouwert te kommen. Mulder liket it dêrby op te nimmen foar de sintrale Spaanske oerheid dy’t de freedsume rop fan it Katalaanske folk om selsbeskikking mei geweld de kop yndrukt. Foar Mulder blykber gjin romte foar bewegingen fan ûnderen op om op demokratyske wize te stribjen nei mear autonomy, selsbeskikking of ûnôfhinklikheid. Gjin respekt foar ferdraggen fan de Feriene Naasjes dat alle folken sels beslute kinne oer de eigen takomst.

Spanje is in betreklik jonge demokrasy dêr’t de ynfloed fan Franco noch hieltyd te fernimmen is. It hie in foarbyld oan it Feriene Keninkryk nimme kind troch in legaal referindum ta te stean, sa’t de Skotten dat hân hawwe. Dat de Katalanen it doe sels organisearre hawwe, is gjin misdied. Dat de Katalanen dy’t freedsum nei de stimbus giene, ynelkoar slein binne troch de Spaanske plysje is wol in misdied. Dat de demokratysk keazen Katalaanske lieders ta 9 oant 13 jier finzenis feroardiele binne, is der fier bytroch. Dat binne politike finzenen, in erfskip út de Franco-tiid. Europa soe soks feroardielje moatte. In Europa fan de folken en de regio’s is noch fier fuort, de naasjesteaten hawwe it yn Brussel foar it sizzen. Puigdemont is in polityk flechteling yn Europa en besiket begryp foar it Katalaanske stânpunt te krijen. Kom 5 febrewaris allegear nei de Neushoorn om syn ferhaal te hearren.

Nynke Beetstra, Grou

jannewaris 15, 2020 21:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap Slager jannewaris 18, 16:32

    Nynke,
    Tige by tige! Us Nynke hie it dy net ferbetterje kinnen!
    Hielendal iens!
    Jaap

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.