Katalaanske ambassades geane wer iepen

jannewaris 20, 2020 21:44

De oerheid fan Kataloanië hat offisjeel tastimming fan it Spaanske regear krige om syn ambassades wer te iepenjen. Kataloanië ûnderhâldt fia ambassades kontakt mei sân lannen. Op lêst fan ‘e Spaanske rjochter waarden de ambassades yn Ingelân, Dútslân en Switserlân yn desimber sletten. Ferline wike giene de ambassades yn Argentinië, Meksiko en Tunesië ek ticht. It regear fan Kataloanië kundige koartlyn oan dat it sechtich nije ambassades iepenje soe.

Dat de sletten ambassades wer iepen meie, makket dúdlik dat it nije Spaanske regear net hurd-tsjin-hurd mei Kataloanië omgean wol. De nije sosjaal-demokratyske minister-presidint Pedro Sánchez wol de relaasjes tusken Barcelona en Madrid ferbetterje. Dat moat er ek wol, om’t koälysjepartner Podemos oanstiet op in debat tusken de Katalaanske ûnôfhinklikheidsbeweging en de Spaanske oerheid.

jannewaris 20, 2020 21:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.