Katalaansk parlemint erkent ôfsetting Torra net

jannewaris 5, 2020 01:33

Joaquim Torra is noch hieltyd presidint fan Kataloanië. De útspraak fan ‘e Junta Electoral Central (it Spaanske oerheidsorgaan dat oer ferkiezings giet) dat Torra ôfset wêze soe as presidint en parlemintslid – lês dit artikel dêroer – is in steatsgreep. Dat hat it Katalaanske parlemint fannacht sein.

Yn in nachtlike gearsit stimde de mearderheid fan ‘e Katalaanske folksferstjintwurdiging sneon krekt foar middernacht foar in resolúsje fan sân punten. Dêr stie yn:

1. De Junta Electoral Central hat gjin rjocht om Torra ôf te setten.
2. It besykjen fan de Junta Electoral Central om him ôf te setten is in steatsgreep.
3. Torra bliuwt lid fan it Katalaanske parlemint en presidint fan Kataloanië.
4. Allinnich de demokratysk ta stân kommen wetten fan Kataloanië beskiede wa’t wol en net diel útmakket fan it Katalaanske parlemint.
5. Carles Puigdemont, Oriol Junqueras en Toni Comin moatte frijút harren wurk as leden fan it Europeesk Parlemint útfiere kinne.
6. Der is in heksejacht geande tsjin politike pommeranten dy’t foarstanner binne fan in ûnôfhinklik Kataloanië.
7. Kataloanië moat frij oer syn takomst beslute kinne.

De folsleine tekst yn it Katalaansk stiet hjirûnder:

jannewaris 5, 2020 01:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.