Jan Willem Zwart: Harkje en sykje nei wierheid

jannewaris 11, 2020 20:00

Kollum

Wat is der yn jannewaris yn de natuer te belibjen? It liket sa stil en skier. It grien is brún en de bisten hawwe har ferside stoppe. Wêr binne de earste blomkes? De Wâlden binne yn de simmer grien en smûk, no binne it grize grauwe lânskippen, brún en wiet. Oan de rânen fan de greiden steane de grutste geheimen fan de Wâlden, de elzen. Dy beammen binne sa ferbûn mei it typyske lânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden dat se der gewoan by hearre. Gewoan, omdat se der binne, gewoan omdat it sa is. Just yn jannewaris binne alle tiden fan it jier oan de els te sjen.

Yn it earste plak it seizoen fan de winter, it sylhûet fan de beam, de swarte proppen mei it fette sied. Mar ek de maitiid mei de bloeiende katsjes mei stomoal. En dan de knoppen dy’t de simmer oanjouwe. De simmer mei it smûk skaadzjend beamtegrien fan de Wâlden.

Sa’t dat yn de Wâlden giet binne der ek allegearre spannende mystike ferhalen oer de els. Sa soene der geasten yn de beammen wenje en binne de ôfseage stammen read fan kleur as it bloed fan dy geasten. Ferhalen dy’t trochferteld wurde, ferhalen dy’t der gewoan binne. En dochs is it hielendal net gewoan dat se trochferteld wurde. Alles stiet ommers wol op it ynternet of der is grif wol in filmke fan te krijen. Ynformaasje is oeral wol te finen. Skoallen stekke dêrop yn en hieltyd wurde der minder ferhalen ferteld oer ús eigen Fryske skiednis. Wy hawwe it drok en brûke de Ingelske wurden “nice to know, need to know”.

Yn it wurk is it net oars. Der komme nije kollega’s en nei in tydsje sizze dy hoe’t it moat. Meastentiids binne dat managers. Dy witte it allegearre krekt, en meastal better, tinke se. Se meitsje harren eigen plan. Der wurdt net harke. Harkje nei ferhalen oer de skiednis, nei wêrom’t de dingen geane sa’t se geane, wêrom’t de Wâlden der noch binne, wêrom’t boeren en natuer dêr sa goed mei-inoar geane.

As jo harkje en dan ek echt harkje, dan hearre jo safolle mear en dan komme jo efter jo eigen wierheid. Eigen wierheid, wêr kinne jo dat noch helje tsjintwurdich? Miskien wol gewoan by de elzen. Harkje en sjen en jo eigen wierheid meitsje. Ommers, dat is ek in wierheid, lykas dy fan it ynternet, de krante en de telefyzje.

 

jannewaris 11, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.